Tjeerd de Groot (D66): "Het zinloos doden van dieren is niet meer van deze tijd"

De Twadde Keamer hat moasjes oannommen oer it ûndersykjen fan de effekten fan de fûgelgryp. Yntsjinner Tjeerd de Groot fan D66 is dêr bliid mei, want hoe't no mei de fûgelgryp omgien wurdt, is net mear fan dizze tiid, fynt er.
Tjeerd de Groot (D66) © Omrop Fryslân, René Koster
Neffens De Groot wurdt de fûgelgryp hieltyd besmetliker. De politikus fan D66 makket him dêr soargen oer, ek omdat hy by it coronafirus sjoen hat dat bistesykten yn guon gefallen oerspringe kinne op minsken.

Fryslân foarbyld foar Nederlân

Hiel wichtich is dat minsken witte hoe't se mei sike fûgels omgean moatte. De Groot fynt Fryslân dêryn in foarbyld foar hiel Nederlân. "Als je een dode of zieke vogel vindt, moet je weten wat je moet doen. We hebben Fryslân als voorbeeld genomen, want Fryslân had dat heel goed geregeld Er is een website, er is goede communicatie, je weet welk telefoonnummer je moet bellen en je weet ook dat je die dieren niet moet aanraken."
Fierder fynt De Groot dat we hinnen faksinearje moatte soenen. "Dan hoef je ze niet zinloos te doden. Kippen krijgen hun hele leven wel twintig vaccinaties. Het kan ook op een makkelijke manier gedaan worden, je hoeft niet iedere kip vast te houden. Zo voorkom je dat ze ziek worden en dat je ze moet opruimen."

Mei faksinearre bisten de merk op

Ek út de hinnesektor klinkt dy oprop. Allinnich moat it dan wol mooglik wêze om mei faksinearre bisten de merk op te gean. Dat is no noch in probleem. "Wij hebben de minister aangespoord om daar nou een keer werk van te maken. Het duurt ons gewoon te lang", seit De Groot.
Bisten samar deameitsje om sa fûgelgryp te bestriden, is neffens De Groot yn alle gefallen net mear fan dizze tiid. De politikus pleitet fierder foar in krityske blik nei de yntinsive feehâlderij: "De manier waarop we nu dieren houden is niet houdbaar."
Tjeerd de Groot oer de fûgelgryp