Provinsje set kampanje op: feilich fytse fia fytshelm-voucher

De provinsje komt dit jier mei in eigen promoasjekampanje foar de fytshelm: dêr heart ek in voucher-regeling by om goedkeaper in fytshelm keapje te kinnen.
Helms moatte foar mear feiligens soargje © ANP
Der barre tefolle fytsûngelokken yn Fryslân, sa binne de Fryske Steateleden fan betinken. Om te foarkommen dat dy ûngelokken slimme gefolgen krije, soene mear Friezen in fytshelm opsette moatte. Dat fynt in mearderheid fan Provinsjale Steaten, dy't woansdei de notysje Fryslân feilich fytslân fêststelde.
ChristenUnie-Steatelid Matthijs de Vries mei graach fytse en is ien fan de pleitbesoargers fan de fytshelm. Hy moast der earst sels ek oan wenne, mar set no altyd in fytshelm op as er der mei de racefyts op út giet.
ChristenUnie-Steatelid Matthijs de Vries
Dochs jout De Vries ta dat in fytshelm op de 'gewoane fyts' noch mear útsûndering as regel is. Sels hat er yn de stêd ek net in helm op, al freget er syn bern om dat wol te dwaan.
It feroaret mei de tiid, tinkt De Vries. "Fyftjin jier lyn hiene de measte hurdfytsers ek net in helm op, mar hjoed-de-dei wol. Friezen fytse graach en mear minsken op de dyk betsjut ek mear ûngelokken."