Aldeberkeaper de sel yn nei bedriging Keamerlid en boargemaster

In 60-jierrige man fan Aldeberkeap is feroardiele ta trije moannen selstraf, foar de bedriging fan D66-Twadde Keamerlid Wieke Paulusma en boargemaster Sandra Korthuis fan Eaststellingwerf.
Justysje © Shutterstock.com
De man is ek twa moannen selstraf ûnder betingst oplein en hy mei net wer kontakt opnimme mei Paulusma en Korthuis.
De fertochte fielde him misjegene troch de autoriteiten yn de coronakrisis en koe him net yn de coronaregels fine. De partner fan de man hat in saak dy't fanwege de coronaregels ticht moast om't it om in 'net-essinsjele winkel' gie. Sy besleaten dochs te iepenjen en krigen in boete.

'Tribunalen'

Dêrnei hat de man bedrigingen stjoerd fia sosjale media en e-mail. Der soene 'tribunalen' komme, liet er boargemaster Korthuis witte.
De man skreau te witten wêr't Paulusma wenne. "Ik voelde mij sindsdien onveilig in mijn eigen huis", ferklearre it Twadde Keamerlid. Sy makke har ek soargen oer har bern.

Giet te fier

Neffens de rjochter mei elts syn opfettingen oer de coronaregels hawwe, mar jout it strafrjocht wol grinzen oan. Geweld en bedriging geane te fier, seit de rjochter.
Parserjochter Tom Wiersma oer de saak
Fierder bedrige de man ek de plysjeminsken dy't him oanholden. Boppedat hat er earder mei justysje yn oanrekking west.