Tekoart oan bêden foar opfang flechtlingen: Friezen biede help oan

De opfang fan Oekraynske flechtlingen komt yn Fryslân hieltyd mear op gong en dat smyt ek nije problemen op. Lykas it tekoart oan bêden. Friezen bringe massaal bêden nei de opfang.
Tekoart oan bêden foar opfang flechtlingen:
"Wat prachtich dat je der binne", seit Lourenske Steenstra tsjin in man dy't syn auto parkearret by it doarpshûs fan Tsjom. Mei in lytse klik iepenet de man syn kofferbak en sjocht rap de auto yn. In ledikant en in matras lizze te wachtsjen om derút helle te wurden.

35 flechtlingen

"Ik woe dit hjir efkes bringe, want ik wist dat der in tekoart wie", seit de man. Lourenske knikt nei de man. Sy pleatste in oprop op Facebook om bêden binnen te heljen. Dy waarden troch doarpelingen massaal brocht. "We krije hjir sa'n 35 flechtlingen", seit Lourenske wylst sy it bêd in grutte seal fan it doarpshûs yn tilt. "Mar dat wie wol efkes sjen hoe't dat moast mei bêden."
"Wy hiene belle mei it Reade Krús", giet se fierder, "mar dy seine dat it wol aardich krap wurdt. Dat is ek logysk, want it binne no sa'n soad flechtlingen. Dat moat praktysk wol kinne. Der komme no gelokkich wol in soad bêden binnen. Benammen babybedsjes moatte wy hawwe, want as je de bylden op tv sjogge, dan ferwachtsje je bern."
Lourenske Steenstra oer it tekoart yn Tsjom
It Reade Krús is as organisaasje belutsen by de opfang fan flechtlingen. "Wy ha 200 bêden stean dy't wy samar ynsette kinne", seit François Perreau fan it Reade Krús. "As der bygelyks in brân is yn in fersoargingstehûs, dan kinne wy de minsken fuortendaliks opfange op dizze bêden."
Raymond Overkempe en Lourenske Steenstra yn Tsjom © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der is lykwols in probleem: de fjildbêden lizze net noflik foar in langere perioade. "Dy binne offisjeel ek mar foar trije dagen. Dêrnei moat der in oar alternatyf komme, want dat is foar de minsken folle better."
De opfang fan Oekraïners liket langer te duorjen. "Dy oarloch is net samar foarby en kin noch wol moannen of jierren duorje. Gjinien dy't dat sizze kin. Salang kinne de minsken net op in fjildbêd lizzen bliuwe. Dêr moatte fêste bêden komme en dat is dreech om sa rap te finen."
François Perreau fan it Reade Krús
De earste opfang yn Tsjom liket goed te wêzen, mar it is noch ûndúdlik wannear't de flechtlingen komme. "Wy waarden freed belle dat alles klear wêze moast", seit Raymond Overkerke.
De bêden yn Tsjom © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Alle bêden binne der, mar it moat noch wol in stik persoanliker wurde, want it is no in grutte seal fol bêden. Minsken wolle privacy en dus moatte der ek skotten komme", seit Overkerke.
"Dat bart de rest fan dizze wike. Dan komme der skermen en hokjes fan de GGD-priklokaasjes. Dy binne yn de coronakrisis delset en kinne no hjir brûkt wurde. Sa ha de minsken dochs noch wat eigen romte."
Hoelang't de flechtlingen bliuwe, is net dúdlik.