Provinsje stelt subsydzje beskikber foar maatregels tsjin wolveskea

Bistehâlders kinne fan 12 april ôf gebrûkmeitsje fan subsydzje om maatregels te nimmen tsjin wolveskea. De provinsje stelt dêr 200.000 foar euro beskikber.
In wolf op de Veluwe © ANP
De regeling jildt foar de troch Deputearre Steaten fêststelde wolvegebieten. Dit giet om it gebiet tusken de A7, de A32 en de grins mei Drinte.
Bistehâlders kinne mei de subsydzje materiaal oanskaffe om skea fan de wolf foar te kommen. Se kinne bygelyks elektryske rasters pleatse. Bistehâlders dy't nei 14 desimber sok materiaal kocht ha, kinne ûnder betingsten ek jild werom krije.

Foar grûneigeners flak dernjonken

Der is ek in regeling foar grûneigeners krekt njonken it fêststelde gebiet. As dêr sprake is fan trije oanfallen binnen sân dagen, kin dy ek gebrûk meitsje fan de subsydzje.
Dêrby moatte ien of meardere bisten deade wêze en troch BIJ12 beoardiele as 'dea troch wolf net út te sluten'. In oanfraach moat binnen twa wiken nei de tredde oanfal binnen wêze.
Deputearre Klaas Fokkinga ferwachtet dat der wol ferlet fan is. "Yn Drinte wurdt der wol gebrûk fan makke, dus ik tink yn ús omjouwing ek wol. Mar hoefolle doar ik net te sizzen. Wy dogge dit yn gearwurking mei Drinte, de foarsitter is ek deselde persoan."
Deputearre Klaas Fokkinga oer de nije subsydzjeregeling tsjin wolveskea
De stichting dy't graach in grut wolvestek om Fryslân hinne sjocht, kin neffens deputearre Fokkinga gjin gebrûk meitsje fan de subsydzje. "In grut stek om Fryslân hinne is net realistysk. Mar om guon perselen is it wis wol mooglik."

Kommisje en konsulint

De al aktive projektgroep Previnsje Wolveskea Fryslân wurdt in kommisje, dy't oan de slach sil mei in skeaprevinsjeplan foar dat gebiet. Yn dat plan komme bygelyks maatregels om skea troch de wolf foar te kommen.
Der komt ek in wolvekonsulint. Dy kin hâlders fan lânboubisten fergees advisearje en helpe by it oanfreegjen fan subsydzje.

Yn totaal 344.000 euro

Der is gjin wolf yn Fryslân fêstige, mar wol yn Drinte. Dyselde wurdt ek yn it súdeasten fan Fryslân sjoen.
De aksjepunten fan Deputearre Steaten kostje yn totaal 344.000 euro oant en mei 2024.