Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert siket befrijingsrokken

It Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert siket befrijingsrokken: rokken dy't oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch makke binne fan bewarre lapkes stof en borduerde oantinkens.
Befrijingrok © Fries Verzetsmuseum
Mei de 'befrijingsrokken' fierden froulju feest. It wie in útfining fan de Amsterdamske fersetsfrou Mies Boissevain-Van Lennep. It waard in symboal foar nasjonale ienheid en de emansipaasje fan froulju.
Yn de oanrin nei Befrijingsdei reizgje sjoernalist Lieke van den Krommenacker en fotograaf Marleen Annema troch de provinsje, mei as doel it fotografearjen fan de froulju dy't de rok ea droegen hawwe. It leafst mei de bern of bernsbern. Dêrby wurde ek harren befrijingsferhalen opskreaun.
Froulju yn harren befrijingsrokken © Collectie Verzetsmuseum Amsterdam
"De rokken besteane út lapkes út oarlochstiid en hawwe soms ek oantinkens as datums derop borduerre. It moast in kleurryk gehiel wurde", seit Marre Sloots fan it fersetsmuseum. Se waarden yn de jierren nei de oarloch makke mar binne net diel fan in lange tradysje wurden. Boussevain-Van Lennep kaam op it idee doe't har freondinnen har yn har finzenskip lapkes stof joegen dy't oan thús tinken dien.

Rokken by minsken thús

Skattingen binne dat yn hiel Nederlân sa'n 8000 rokken makke binne, dêrfan hat it museum der in oantal yn 'e kolleksje. "Wy tinke dat der by minksen thús ek noch in hiel soad te finen wêze moat." It museum ropt dêrom minsken dy't in befrijingsrok thús lizzen hawwe op om te mailen nei communicatie@verzetsmuseum.nl. Dan kin der in foto makke wurde en it ferhaal fan de rok opskreaun wurde.
It resultaat moat fan maaie ôf fergees te sjen wêze yn de hal fan it Fries Museum.
Marre Sloots konservator fan it Frysk fersetsmuseum oer de befrijingsrokken