Fynst grutte stiennen yn Park Jongemastate stelt It Fryske Gea foar riedsel

Is it in iuwenâlde stiennen bôge? En wie dy ûnderdiel fan in brêge of in poarte? Yn Park Jongemastate by Raerd lizze sûnt koart tsientallen grutte stiennen, mar foar behearder It Fryske Gea is noch folslein ûndúdlik wat it ferhaal derefter is.
"At it in poarte west hat, kinne wy dy miskien wer opbouwe":
De stiennen binne boppe wetter kaam doe't de pachter de slotgrêft útbaggere. It giet om hast tweintich bewurke stiennen, wêrfan't in grut part ûnderdiel liket fan in histoaryske poarte.

"Miskien hat it ek wol yn in hûs of yn in gevel sitten, dat witte we eins noch net", seit Stefien Smeding. Se is kultuerhistoarysk lânskipssaakkundige by It Fryske Gea. "It is yn elts gefal in grutte ferrassing."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It Fryske Gea hat de stiennen as in soarte fan puzel yn it park lein. Kuierders kinne derop sitte. Smeding is sels ek al efkes oan it puzeljen slein, laket se. "Mar ik ha noch gjin merktekens sjoen dy't oanjaan hokker stikken by hokker stikken hearre."
As dúdlik wurdt wêr't de stiennen ea foar brûkt binne, kinne se dêr miskien wer foar brûkt wurde. "Mar as it bygelyks út in gebou komt, dan sille we hjir fansels net gau in hiel gebou delsette", seit Smeding. "We wachtsje it noch efkes ôf. Wat dat oanbelanget, bliuwt it noch efkes in ferrassing."

Boukundich advys

It Fryske Gea wol dat der ynkoarten en boukundige nei de stiennen sjen sil. "Miskien ek minsken fan de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed. Dy hawwe in hiel soad mei monuminten te krijen. Hooplik kinne se ús fan advys foarsjen en sizze hoe't de poarte yn elkoar stutsen hat", seit Smeding. "Dan kinne we him miskien wol wer opbouwe en in moai plakje jaan."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach by Park Jongemastate