Minne Dolstra nije tydlike direkteur fan Thialf

Minne Dolstra folget Marc Winters fan 1 april ôf op as direkteur fan Thialf op It Hearrenfean. Dolstra docht dat op ynterim-basis.
IIstadion Thialf © ANP Foto
Dolstra wie de ôfrûne twa jier ek belutsen by de werstrukturearring en it sûn meitsjen fan Thialf. De Rie fan Kommissarissen hat de ferwachting dat mei de komst fan Dolstra 'de kontinuïteit fan Thialf garandearre is'.
It is de bedoeling dat Dolstra foar in jier by Thialf belutsen bliuwt.