Oernamekandidaat foar ôffalferwurker Van der Galiën

Der is in oernamekandidaat yn byld foar ôffalferwurker Van der Galiën út Koatstertille en Wâlterswâld. Dat hat de ôffalferwurker witte litten oan provinsje en de omjouwingstsjinst FUMO.
Offalferwurker Van der Galiën © Omrop Fryslân, Ben de Jager
De provinsje makke yn febrewaris bekend dat se foarnimmens wie de miljeufergunningen fan it bedriuw yn te lûken nei in lange opinoarsteapeling fan oertrêdingen, lykas it net foldwaan oan de easken oangeande it opslaan fan ôffalstoffen en it feroarsaken fan stofhinder by it laden fan skippen.

Noch gjin definityf beslút

No't der in oernamekandidaat is, lûkt de provinsje it ferskerpe tafersjoch yn. Van der Galiën hâldt fuortendaliks op mei wurksumheden dêr't it gjin fergunning mear foar hat. De namme fan de oernamekandidaat is noch net bekendmakke.
De kandidaat krijt in oantal moannen de tiid om ta in goede fergunningsoanfraach te kommen. Oer in healjier moat dúdlik wurde oft de oername definityf trochgiet.
Direkteur Jippe van der Galiën befêstige tiisdeitemiddei de mooglike oername fan syn bedriuw, mar woe fierder noch net reagearje. De 35 meiwurkers fan Van der Galiën binne ynformearre oer de mooglike oername. It nije bedriuw is fan doel om de meiwurkers fan Van der Galiën safolle mooglik oan it wurk te hâlden.
Deputearre Douwe Hoogland oer de ûntwikkelings by Van der Galiën