De Marrekrite docht oanjefte fan brânstichting by oanlissteger yn Tsjûkemar

Rekreaasjeskip De Marrekrite sil oanjefte dwaan fan brânstichting fan de oanlissteger op it eilân Marchjepôle yn de Tsjûkemar. Ofrûne sneon stie de steger oer in lingte fan tweintich meter yn de brân.
De situaasje op Marchjepôle © Brandweer Echten
In grut part fan de ûnder wettersporters populêre steger brânde ôf. Neffens De Marrekrite is dúdlik wurden dat der sprake is fan brânstichting. Om de tiid fan de brân hinne is in polyester kajútjachtsje mei jongeren by de steger sjoen.

Lestich yn brân te stekken

"Wij werken met KLP, een recyclingproduct dat gemaakt wordt van doppen van colaflessen", leit Lourens Touwen, direkteur fan de Marrekrite út. "Dit moet bewust in de fik zijn gestoken, want het wil moeilijk branden."
Fanwege de brân moast de baai mei oaljeskermen ôfsletten wurde, om't der ferbrânde komposyt yn it wetter dreau. Touwen rûst de totale skea op 20.000 euro en De Marrekrite wie der net tsjin fersekere.
De Marrekrite docht in oprop oan tsjûgen om harren te melden. De plysje sil de brânstichting ûndersykje.
Lourens Touwen fan De Marrekrite