FNP wol yn juny debat yn Steaten oer Lelyline en Deltaplan

De FNP wol yn juny yn Provinsjale Steaten ynhâldlik diskusjearje oer de plannen foar Lelyline en it Deltaplan Noard-Nederlân. De FNP fynt de plannen sa yngripend dat it heech tiid wurdt foar in demokratysk debat.
© ANP Foto
De FNP hat it fersyk tiisdei yntsjinne by de agindakommisje fan de Steaten. Oanlieding foar it fersyk fan de FNP is it koartlyn publisearre Undersyk diel B nei de helberens fan Lelyline en Deltaplan. Underdiel fan dat ûndersyk wie in foarriedige Maatskiplike Kosten Baten Analyse (MKBA).
Yn it ûndersyk steane sawol positive as krityske opmerkings nei oanlieding fan de quickscan MKBA. As de Lelyline der ien kear leit, sil dy neffens de ûndersikers grif genôch reizgers lûke om rendabel te wêzen, mar de kosten fan de oanlis binne heech en boppedat ek noch net krekt bekend. Ien en oar hinget ek ôf fan it krekte trasee fan de 125 kilometer lange spoarferbining fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins.

Kampanje tsjin Lelyline

"Lelyline en Deltaplan binne sa'n grut projekt, mei sokke grutte gefolgen foar de takomst dat it net oars kin as dat wy hjir ynhâldlik oer prate", seit FNP-wurdfierder Sijbe Knol.
De FNP fielt him bemoedige troch de goeie skoare by de riedsferkiezings fan ferline wike. Yn de gemeente Opsterlân waard de FNP sels de twadde partij mei in kampanje tsjin de Lelyline. Deltaplan en Lelyline hawwe neffens de FNP grutte gefolgen foar ynfrastruktuer, mobiliteit en berikberens.

Op koarte termyn prate

De FNP wol ek de ûndersikers fan it lêste rapport oer Lelyline en Deltaplan nei it Provinsjehûs helje foar tekst en útlis op in kommisjegearkomste. "By sa'n grut en yngripend punt ûntkomme je net oan in folsleine demokratyske behanneling", seit Knol.
De Steaten hawwe juny 2021 foar it lêst oer Lelyline en Deltaplan praat. It gie doe benammen oer de proseduere en oer de bêste wize om ynspraak te organisearjen. Der wiene op dat stuit noch gjin stikken om ynhâldlik oer te diskusjearjen. No't dy stikken der wol lizze, wol de FNP der op reedlik koarte termyn ynhâldlik oer prate.

Finansjele bydragen

It kabinet Rutte hat 3 miljard euro reservearre foar de ambysje om de Lelyline oan te lizzen. Dat is net genôch om de spoarline oan te lizzen, mar it Ryk giet der fan út dat der ek finansjele bydragen komme fan de Europeeske Uny en út de regio.
De kosten foar de oanlis fan de Lelyline wurde troch saakkundigen rûsd op in bedrach tusken de 5 en 9 miljard, ôfhinklik fan it trasee dat keazen wurdt en de kosten fan de byhearrende brêgen, fiadukten, tunnels en oare ynfrastruktuer.