VC Snits hâldt fjouwer sets goed stân tsjin sterk Sliedrecht Sport

VC Snits is yn in spannende wedstriid thús ûnderút gien tsjin Sliedrecht Sport. De nûmer twa fan de earedivyzje wûn mei 3-2.
Anlène van der Meer © Dijks Fotografie
Haadtrainer fan Sliedrecht is Vera Koenen. Sy stiet takom jier oan de lieding yn Snits, mar se wie snein ôfwêzich fanwegen sykte.

Spannende sets

De earste set wie in proai foar de Snitsers, yn 25-20. De ploech wie dêrnei ek tichtby winst yn de spannende twadde set, mar dy gong yn 25-27 nei Sliedrecht. De besikers wûnen dêrnei ek de tredde set mei it lytst mooglike ferskil (23-25).
VC Snits werpakte himsels knap en twong mei 25-12 oertsjûgjend in fiifde en beslissende set ôf. Dêryn luts it favorite Sliedrecht dochs de winst nei him ta: 11-15.

Play-offs

Mei noch ien kompetysjewedstriid te gean stiet Snits op it fjirde plak. De bêste acht ploegen pleatse har foar de play-offs om it lânskampioenskip. Snits is dêr al wis fan.
Ynterim-trainer Henriëtte ter Steege oer it ferlies: