FIDEO: Piet Paulusma praat oer syn hobby, syn wurk en syn libben

"Ik bin ien mei myn wurk." Dat sei Piet Paulusma yn 2012, doe't Dieuwke Kroese in útstjoering oer him makke foar it programma Moreel Kompas.
Piet Paulusma yn 'Moreel Kompas' yn 2012:
Yn de útstjoering fertelde Paulusma oer syn wurkdagen ("Ik begjin om kertier foar seizen, en om acht oere jûns is de lêste live"), oer de dea fan syn heit ("Dy siet de sneins dêrfoar noch yn it kafee") en oer it waar ("De ekstremen nimme ta, dêr meitsje ik my wol soargen oer").