Piet Paulusma: In ikoan, en hiel gewoan

Mei de wurden 'oant moarn' waard Piet Paulusma de bekendste Fries fan Nederlân. De Alvestêdetocht fan 1997 hat dêr in grutte rol yn spile.
Piet Paulusma © ANP
Piet Paulusma is op 65-jierrige leeftiid hommels ferstoarn. Hy wie 36 jier lang de fêste waarman fan Omrop Fryslân.
Hy hie noait tocht dat er waarman wurde soe, sei er yn 2012. "Doe't wy yn havo-4 in proefwurk hiene oer hege- en legedrukgebieten, hie ik dêr in 4 op. Dat wolst net witte, it wie in soadsje."

Gefoel foar it waar

Pieter ('Piet') Paulusma waard op 15 desimber 1956 berne yn Tsjom, as ien fan in twilling. Gefoel foar it waar moat er altyd al wol hân hawwe, sei er. "Oars kin it net. Dat kin net samar opkomme, en dat je dan waarman wurde."
In oplieding ta waarman hat Paulusma nea hân. Hy hat it himsels leard. Dat begûn yn 1978, mei in kursus fan Teleac: 'Wij en het Weer'. Paulusma waard waarnimmer, en krige mear en mear kennis fan it waar.
Piet Paulusma wie in begryp yn Fryslân en dêrbûten:
Doe't Piet noch by it postbedriuw PTT wurke, begûn er eltse dei mei in kuierke nei it waarhûske fan Frjentsjer. De waarnimmingen joech er troch oan Hans de Jong, de man dy't er letter opfolge by Omrop Fryslân.
Letter ferhuze Piet mei syn doetiidske frou Joke nei Hjerbeam. Hy kocht in grutte swiere printer om waarkaarten út te draaien. Syn earste waarberjochten makke er foar de Franeker Courant.

Earste útstjoering

Paulusma begûn op 1 desimber 1985 as waarman by Omrop Fryslân op de radio, doe't er it moarnswaarberjocht oernaam. Dat wie it begjin fan in lange karriêre op radio en telefyzje.
Syn telefyzjedebút by de Omrop wie op 11 febrewaris 1994. Dy útstjoering wie noch yn de studio oan de Ljouwerter Nijstêd, mar Paulusma woe nei bûten, dêr't it waar wie. Sa soe it gean.
Sjoch hjir nei de earste telefyzje-útstjoering fan it waar mei Piet Paulusma:
"De earste twa útstjoeringen by Omrop Fryslân hawwe wy yn de studio dien, en dêrnei giene wy nei bûten", sei Piet dêr sels oer. "Dat heart by my. Punt."

Lanlike trochbraak

Syn lanlike trochbraak wie mei de Alvestêdetocht fan 1997. Dy kaam nei in lange alvestêdekoarts, yn de winters fan '95-'96 en '96-'97. Paulusma stjoerde de Alvestêdeferiening alle dagen in faks mei syn foarsizzing. It soe min 12 wurde, sei er doe, wylst kollega's teiwaar foarseinen.
Paulusma rekke earder al belutsen by de Alvestêdetocht, doe't de organisaasje op syk gie nei in waarman dy't de pleatslike situaasje koe. Sa kaam Paulusma yn byld, as man fan it fjild.
Henk Kroes wie yn dy tiid iismaster foar de Alvestêdeferiening. "Ik haw wolris tsjin Henk Kroes sein dat hy de basis lein hat foar myn lanlike karriêre."
© ANP
De alvestêdekoarts besoarge Piet Paulusma foar it earst mear as ien miljoen sjoggers mei syn waarberjocht yn Hart van Nederland, op de lanlike stjoerder SBS6. "Ik krige op moandeitemoarn in telegram fan Fons van Westerloo, dy't my dêrmei lokwinske. Ik hie dêr nea oer neitocht."

'Oant moarn'

Doe't er by SBS begûn, hie er noait tocht dat er in bekende Nederlanner wurde soe. "Ik ha fan myn hobby gewoan myn berop makke, mar oaren seinen dat ik wol in BN'er wurde soe."
"Ik haw wol fuortendaalks sein dat der wat Frysks yn it waarpraatsje sitte moast, want ik komt út Fryslân. Dat waard dus 'oant moarn'. Ien fan de minsken fan SBS sei doe: over een halfjaar zegt heel Nederland 'oant moarn'. Dat wie ek noch sa!"
De lêste 'Piets Weer' op 30 desimber 2019 © ANP
Yn 2020 waard Paulusma waarman by Omroep MAX, neidat SBS him oan de kant set hie. Syn skaaimerk, de groet 'oant moarn', naam er mei.
Yn desimber fierde Piet syn 65ste jierdei. Foar de measte minsken komt it pensjoen dan yn sicht. "Dêr krij ik geregeld fragen oer", sei Piet doe. "Mar ik wurkje noch alle dagen mei wille."
Plannen foar it pensjoen hie Piet noch net makke. "It libben kinst net planne, dat is in proses. Doe't ik op de havo siet, wist ik ek net dat ik waarman wurde soe. Kinst wol planne, mar it rint faak oars."
In reaksje of oantinken efterlitte kin hjir.