Lokale polityk moat oantrekliker: "In gemiddelde ried is sá sliepferwekkend"

De lege opkomst mei de gemeenteriedsferkiezingen lit neffens boargemaster Oebele Brouwer ien ding sjen: "In gemiddelde ried is sá sliepferwekkend, ek yn Achtkarspelen." Lokale polityk moat oantrekliker.
Dat it leuker wurde moat, wie in mienskiplike konklúzje fan boargemaster Brouwer fan Achtkarspelen, D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong en PvdA-listlûker Marijke Roskam yn Súdwest-Fryslân yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.

Opkomst yn frije fal

De trochsneed opkomst mei de gemeenteriedsferkiezingen wie dizze wike 54,2 persint en dêrmei lei it wer leger as de 56,4 persint yn 2018. "It is spitich dat de opkomst yn in frije fal telâne kaam is", seit Brouwer.
De boargemaster fan Achtkarspelen hat wol in idee wêrom't de lokale polityk sa min minsken nei de stimbus lûkt. Neffens Brouwer soene riedsleden har mear ta de kearn beheine moatte en net altyd mei deselde 'stokpaardjes' komme moatte.
It debat prikkelet net. Ik tink dan: as in boarger dit sjocht, soe dy no entûsjast wurde foar de polityk? Nee.
Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen
Just lokaal falt der in soad te heljen, mar: "It debat prikkelet net. Ik tink dan: as in boarger dit sjocht, soe dy no entûsjast wurde foar de polityk? Nee."
Dêr kin Marijke Roskam har wol yn fine. As mem fernimt sy dat it systeem âlden suver tsjinwurkje kin om riedslid te wurden. "Guon riedsleden lêze hiele epistels foar yn kommisje- en riedsgearkomsten. Wat hâlde je inoar dan dwaande."
Sy fynt dat gearkomsten prakysk better te kombinearjen wêze moatte foar riedsleden mei in húshâlden.

Boargemaster as plysjeman

Boargemaster Brouwer fielt him geregeld in soarte 'plysjeman'. "Riedsleden wolle om 23.00 oere klear wêze, mar fiere ek tige lange debatten. Dan moat ik minsken ôfkappe en freegje om har te beheinen."
De ried fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Mats Gies
It is neffens him net allinne yn de opkomst te sjen, mar it is ek fysyk sichtber op de publike tribune. "Dêr sitte altyd de usual suspects. Minsken moatte just tinke: leuk, in debat, dêr gean ik ris hinne. Want it rekket myn doarpshûs, fuotbalklup of feriening."
Romke de Jong sit op dit stuit foar D66 yn de Twadde Keamer, mar hat yn it ferline sa'n acht jier riedslid west. Hy ûnderstreket it pleit fan Brouwer en Roskam. "Ik meitsje my soargen oft it wurk wol oantreklik bliuwt. Fan dy aaklik lange gearkomsten, in soad op 'en paad, in lege fergoeding foar it riedswurk: dat makket it net oantreklik."
Romke de Jong yn 2016 yn de ried fan Opsterlân © ANP
Roskam fynt dat de polityk ticht by de minsken stean moat. "Minsken maile ús wolris mei problemen, dan belje ik harren op. Sa spruts ik in man fan Boalsert, dy't syn dochter mei har poppe yn hûs hie om't sy gjin hûs fine koe. Dy sei: 'Dat hew ik noch noait metmaakt, de polityk self aan de lijn.' Hy wie suver fernuvere, mar dat heart net sa te wêzen."
De listlûker hat ek mei klam tsjin har kampanjeteam sein: "As wy de strjitte op geane, sil de earste fraach net wêze: mei ik dy in folder oanbiede, mar: wêr makkest do dy drok om? Dat is in oare wize fan kommunisearjen."

Minsken prikke troch de 'schone schijn'

Dochs stelt Brouwer dêr wol wat foaroer: "Allinne mei foefkes en mediatraining komme je der net. Minsken prikke wol troch de 'schone schijn' hinne. Minsken kieze foar de ynhâld en de passy."
In fragmint út it Nijsfoarum mei Brouwer, Roskam en De Jong
It betsjut lykwols ek net dat de gemeentepolityk stilsitte moat. "De groep thúsbliuwers wie by ús 48 persint. Minsken dy't net stimme, sizze faak: it helpt dochs neat, wat soe myn stim no feroarje? Mar dêrmei litte sy wol in stik demokrasy lizze. Ast dy net hearre litst, past dy ek beskiedenens, fyn ik. Mar wy moatte wol alles dwaan om it op te krikken", fynt Brouwer.

Gemeente op lokaasje

Neffens Roskam soe dat kinne troch mear op lokaasje te wurkjen. "Guon doarpen yn Súdwest-Fryslân lizze fier fan Snits ôf. Wêrom kinne je net yn doarpshuzen of wyksintra wurkje. Je moatte mear sjen litte wa't de gemeente is. Net allinne in telefoannûmer, mar ek ris in bakje kofje."