Teäterstik fan Bouke Oldenhof earet fergetten dûmny Balthasar Bekker

Toanielskriuwer Bouke Oldenhof dûkte foar it muzykteäterstik Balthasar yn it libben fan de 17de-iuwske Fryske dûmny Balthasar Bekker. It wie in tiid mei hekseferfolgingen, wêryn't de duvel in soad macht hie. Balthasar stried tsjin dit byleauwe.
Bouke Oldenhof © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Balthasar Bekker (1634-1698), berne yn Mitselwier, waard ferneamd troch syn boek De Betooverde Wereld. Yn dit boek twivele hy iepenlik oan it bestean fan de duvel en stried hy tsjin hekseferfolgingen. Syn boek waard in 'bestseller' mar hy krige ek in soad krityk.
Bouke Oldenhof fertelt oer Balthasar Bekker
Neffens Bouke Oldenhof wie it in tiid dêr't dûmnys inoar 'de tinte útfochten' om eltse ôfwikende miening. Troch Balthasar Bekker syn oanfal op it bestean fan de duvel kaam ek hy ûnder fjoer te lizzen. Hy mocht net mear preekje fan de tsjerke.
Balthasar Bekker © Omrop Fryslân
It muzykteäterstik Balthasar is yn maaie en juny te sjen yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum. De premjêre is op freed 27 maaie.