Wetterlieding yn Drachten sprongen: fytspaad en garaazje ûnder wetter

Op Het Noord yn Drachten is sneintemoarn in wetterlieding sprongen. De lekkaazje ûntstie ûnder in fytspaad, dat dêrtroch blank kaam te stean.
In wiet fytpspaad © SRFotografie
De plysje hat it fytspaad mei stekken en in lint ôfsletten. Ek de garaazje fan in njonkenlizzend hûs kaam ûnder wetter te stean. De huzen yn de omkriten fan Het Noord hawwe te lijen fan in lege wetterdruk.
Wetterbedriuw Vitens is op dit stuit op it plak om de wetterlieding te reparearjen. Om 12.00 oere hinne soe de steuring wer ferholpen wêze moatte.