Oanlissteger Marchjepôle stie yn 'e brân: skerms ynset tsjin fersmoarging

Op it eilân Marchjepôle yn de Tsjûkemar stie sneon in oanlissteger fan sa'n tweintich meter yn 'e brân. Om't der ferbaarnde komposyt yn it wetter dreau, moast de baai mei oaljeskerms ôfsletten wurde.
De brânwacht fan Ychten hat mei in blusboat fan de brânwacht fan Langwar it fjoer ûnder kontrôle krigen. De reekwolken fan de brân wiene fan fier ôf oer de mar te sjen.

Fersmoarging

Komposyt is opboud út ferskate komponinten, lykas keunststoffen. Troch de brân kaam dit yn it wetter telâne, dat soarge foar fersmoarging yn de mar.
De brânwachtpost fan Snits hat holpen om de baai fan Marchjepôle ôf te sluten mei oanjeskerms, sa't it komposyt net fierder driuwe koe.
Oer hoe't de brân ûntstien is, hat de brânwacht neat bekend makke. Marchjepôle is in eilân mei in strân en oanlisplakken, dat in soad troch rekreanten brûkt wurdt.