Fryske amateurklups winne net, allinne Harkemase Boys hellet in punt

It wie gjin goed fuotbalwykein foar de Fryske amateurklups op de heechste nivo's. ONS Snits en VV Bûtenpost ha beide ferlern. Allinne Harkemase Boys helle in punt.
Jhurrey Margaritha en Arnoud Bentum © Orange Pictures
Harkemase Boys gong poerbêst fan start tsjin Staphorst. Al nei seis minuten kamen de Friezen op foarsprong troch in doelpunt fan Jhurrey Margaritha. Goed tsien minuten letter ferdûbelen de Harkiten de foarsprong. Nei in frije traap lâns de line kopte Arnoud Bentum de 2-0 binnen.
De foarsprong ferdwûn yn de twadde helte. Nei twa giele kaarten foar de Friezen en in penalty foar Staphorst stie it 2-1. De thúsklup fierde de druk op, en Pascal Mulder kopte de lykmakker achter doelman Erick Jansema. Einstân: 2-2.
Harkemase Boys hat no 25 punten en is dêrmei tsiende yn de tredde divyzje.

ONS Snits komt tekoart tsjin Flevo Boys

ONS Snits hat yn de haadklasse gjin punt oerholden oan de konfrontaasje mei Flevo Boys. It wie âld-ONS-spiler Yumé Ramos dy't de skoare iepene foar syn nije klup.
It bleaun oant de ein spannend. De Snitsers sochten de lykmakker, mar koene de goal net mear fine. Dêr't ONS net skoare koe, die Flevo Boys dat wol. Timon Rorije ferdûbele de marzje foar de ploech út Emmeloord: 2-0.
Yn de slotfaze waard ONS-middenfjilder Wesley Tankink noch fan it fjild stjoerd mei syn twadde giele kaart. Foar de skoare makke it neat út. It bleaun by 2-0. De Snitsers bliuwe fjirtjinde mei 15 punten.

Bûtenpost kânsleas

Bûtenpost hat kânsleas ferlern fan RKAV Volendam. By it skoft wie it noch 0-0, yn de twadde helte skoarden de Volendammers fjouwer kear. Einstân: 4-0. Bûtenpost stiet njoggende yn de haadklasse mei 21 punten.