Boer leit út frustraasje deade skiep by de dyk: 'Hoera de wolf is terug'

In synyske aksje fan in skieppehâlder by Jonkerslân nei't fjouwer fan syn skiep deabiten binne. De dieder moat in wolf wêze, tinkt de skieppehâlder. Hy lei de deade skiep njonken de dyk mei in boerd: 'Hoera de wolf is terug.'
De buorden, mei dêrnjonken de deade skiep (fan de foto ôf helle) © Kees Terpstra
Skieppehâlder Kees Terpstra jout ta dat it út frustraasje wei komt. "Moarns komme je oanriden en je sjogge fuortendaalks dat der wat oan de hân is. Alles wie oerstjoer. Skiep bleaune lizzen, oaren sieten yn de sleat. Je fine deade skiep en de hiele boel is yn 'e hûnderten. "
Twa drachtige skiep wiene al dea, twa oare skiep slim ferwûne. Dy moasten troch de feedokter deamakke wurde. Terpstra hâldt al 40 jier skiep. Hy hat op it stuit sa'n 1.000 bisten, dy't rinne op 15 ferskate plakken rinne.

By de kiel pakt

Terpstra tinkt dat de dieder in wolf wie, om't it om kielbeten gie. "Hûnen pakke se fan efteren en skuorre der wol út, mar in wolf pakt se allegearre by de kiel. De skiep wie ek oanfretten."
Argyffoto fan in wolf © Shutterstock.com (Vaclav Sebek)
It is de earste kear dat it Terpstra oerkomt, al hawwe syn buorlju der earder wol fan te lijen hân. Neffens Stichting Wolvenhek Fryslân soe der dit jier al 35 skiep troch in wolf deabiten wêze, mar it is net yn alle gefallen bewiisd dat it echt om in wolf giet.

Deade skiep en buorden njonken de dyk

Ut frustraasje lei er de skiep yn it sicht, mei twa buorden dernjonken. Op de iene: 'Hoera de wolf is terug.' "Dat fine de ynstânsjes moai dy't foar de natuer binne. Sy sizze: de bisten moatte út de hokken wei, want dat is bistfreonlik. Je sjogge wat der bart as wy se allegearre nei bûten jeie."
Op it oare boerd stiet: 'Met dank aan FNP.' Want dy politike partij is 'pro wolf', seit Terpstra.
As je moarns mei knikkende knibbels it fjild yn moatte, dan wurde je der wol mislik fan.
Skieppehâlder Kees Terpstra
De skieppehâlder fynt dat de wolf ôfsketten wurde moat. "Dat dienen de minsken eartiids ek. De wolf is prachtich yn it Yellowstone Park of yn Sibearië. Mar hjir hat er gjin nut. As ik alle jierren fiif fan dy oanfallen krij, dan binne je der op in gegeven stuit wol sêd fan. As je moarns mei knikkende knibbels it fjild yn moatte, dan wurde je der wol mislik fan."
Skieppehâlder Kees Terpstra
Oft it pleatsen fan in wolvestek helpt, is de fraach, tinkt Terpstra. "Ik wit net oft it wol ôfdwaande is. Je keare dy wolven net as sy der yn wolle. Dan moatte je al op in eilân buorkje."