Nannewiid by Aldehaske nei alle gedachten yn 2023 baggere: "De aanhouder wint"

Mei in bytsje gelok kin healwei 2023 úteinset wurde mei it útbaggerjen fan it Nannewiid by Aldehaske. Dat hat Wetterskip Fryslân kenber makke oan alle belanghawwers.
It Nannewiid by Aldehaske © Shutterstock.com (Franke de Jong)
Yn 'e mande mei provinsje Fryslân en Steatsboskbehear is it wetterskip dwaande om in subsydzje oan te freegjen. Yn de hjerst wurdt dy yntsjinne by it Europeesk lânboufûns foar Plattelânsûntwikkeling. As dy takend wurdt, soe it yn 2023 trochgean kinne.
Fan 21 maart ôf sille mjittingen dien wurde op it wetter, fan in boat ôf. De dikte fan de slyklaach wurdt metten en Wetterskip Fryslân nimt meunsters.
It wetter is oanwiisd as in plasse dêr't de doelen fan de 'Europese Kaderrichtlijn Water' helle wurde moatte. Dat betsjut dat it wetter uterlik yn 2027 skjin wêze moat.

"De aanhouder wint"

Wetterskip Fryslân sil fierder yn petear mei alle belanghawwers, wêrûnder ek Stichting Nannewiid. Dy is bliid mei it nijs. "De aanhouder wint. De eerste grote stap", sa ferklearje sy.
By winterwaar tsjinnet it Nannewiid ek as iisflier © ANP
Hoe't de stichting en oerheden krekt gearwurkje sille yn it gebietsplan is noch net bekend, dêr wurdt ynkoarten oer oerlein. Mei it baggerjen moat ek rekreaasje op it wetter wer better mooglik wurde.

Tichtslykjend feanmar

De oarsprong fan it Nannewiid leit yn de turfwinning. It wetter is ûntstien troch de feanterij en troch de mar rint de Feanskieding, in eardere feart dy't foar turfferfier brûkt waard. De namme Nannewiid komt fan de feanbaas Nanne Dirks Drijfhout.
Natuergebiet Nannewiid by Aldehaske © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It Nannewiid is oan it tichtslykjen en ferlânet, wêrtroch't de mooglikheden foar rekreaasje hieltyd mear ôfnimme. Dêrom wurdt sûnt 2016 al oerlein oer de takomst.
Yn de oprjochte Stichting Nannewiid sitte fertsjintwurdigers fan rekreaasje, omwenners, pleatslik belangen en ferieningen. Oerheden en Steatsboskbehear hawwe yn in wurkgroep meitocht.
De stichting hopet op in yntegrale gebietsoanpak, in plan dêr't natuer en rekreaasje inoar yn fersterkje. Neffens de stichting is de 'dûbeldfunksje' fan it Nannewiid unyk.