De Vries (FNP) oer formaasje yn de Fryske Marren: "Sjen oft der noch âld sear sit"

Gerda de Vries (FNP) foarsjocht in drege formaasje yn De Fryske Marren. Har fraksje waard by de gemeenteriedsferkiezingen de grutste, mar bliuwt by it stânpunt oer sânwinning op de Iselmar. Dêrmei is in plak yn it kolleezje foar de partij noch net wis.
© Omrop Fryslân
By de gemeenteriedsferkiezingen makke de FNP yn de Fryske gemeenten in grutte slach. Gerda de Vries fan de FNP yn De Fryske Marren is wiis mei de útslach. "De sitten binne gelyk bleaun, mar wat stimmen oanbelanget wy binne de grutste fraksje yn De Fryske Marren."
De geunstige ferkiezingsútslach kaam foar De Vries net hielendal út it neat. "It wie wol in lyts bytsje ferwachte. Wy hienen in hiele goede kampanje, en de lanlike trend wie ek wol wat dat de regionale partijen wat grutter wurde soene."

Kampanje

In part fan de útslach kin neffens har taskreaun wurde oan de kampanje dy't de partij yn De Fryske Marren fierd hat. "It goede oan de kampanje wie de boat dy't we hierd hawwe. Wy hawwe yn alle doarpen dêr't we oanlizze koenen in hiel soad moaie petearen hân."
De FNP hat syn eigen lûd hearre litten, seit De Vries:
Sy fynt net dat de FNP profitearre hat fan it sukses fan oare lokale partijen. "Wy hawwe as FNP echt ús eigen lûd hearre litten. Wy hiene allegearre yn grutte linen deselde kampanje, en eltse fraksje joech der in eigen schwung oan."
De partij hat der boppedat troch de hiele provinsje hinne wurk fan makke om mear jongerein oan te lûken. "Der binne binnen de FNP in soad jonge leden by kaam", seit De Vries. Dat hat him neffens har by dizze ferkiezingen dan ek útbetelle. Yn Noardeast-Fryslân barde dat bygelyks mei Aant-Jelle Soepboer, yn dy gemeente krige de partij hast in fjirdepart fan alle stimmen.

Formaasje

De folgjende stap is de formaasje. Troch it dossier sânwinning is de relaasje tusken de grutste partijen yn de gemeente wat bekuolle. Dochs giet de FNP de ynformaasjetiid iepen yn. "Der sil wer in kolleezje komme moatte, dat yn alle gefallen", seit De Vries.
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Gerda de Vries-Suierveld.
De wethâlders fan de FNP hienen harren yn de koälysje konformearre oan oare koälysjepartijen CDA en VVD, dy't as haadline hienen dat se foar sânwinning op de Iselmar wiene.
Doe't dêr yn 2019 oer it ûnderwerp stimd wurde moast, feroare de fraksje fan stânpunt en luts it him werom út it mûnlinge akkoart. Dat die de fraksje nei oanlieding fan lûden út de befolking en 15.000 hantekeningen tsjin de sânwinning. Uteinlik foel it kolleezje troch de stimming.
De Vries foarsjocht dat foar de formaasje noch saken útpraat wurde moatte:
De Vries fynt it net terjochte om de FNP op it dossier ôf te rekkenjen. "It stie net yn it koälysje-akkoart, op grûn dêrfan kinne se ús net ûnbetrouber neame."
"Yn de formaasje sil bliken dwaan oft der noch wat âld sear is. By ús is dat der noch wol in bytsje", seit se. Sy fynt wol dat de partijen wer foarút sjen moatte. "Mar je kinne lykwols allinnich foarút sjen as je ek efterút sjoen hawwe."

Ferkenningspetearen

Tytsje Willemsma, FNP-wethâlder yn Tytsjerksteradiel, sil as ynformateur de ferkenningspetearen liede. "It sil yn dy petearen ek wol boppe wetter komme as der noch dingen útsprutsen wurden moatte."
De Vries seit dat har partij yn alle gefallen iepen de ynformaasjetiid yngiet. "Wy slute gjin ien út. Mar der sil noch wol wat sein wurde moatte."
De Vries oer wat der krekt útsprutsen wurde moat om fierder te kinnen:
Sy soe fan de oare partijen wol hearre wolle dat der betrouwen is yn de FNP. "Wy wolle wol graach hearre fan de oare partijen dy't ús doe sitte litten hawwe, dat sy ús wol betrouber fine, mar dat se ús op it dossier sânwinning net betrouber fûnen."

Betrouwen, dêr draait it om

De Vries fynt it dan ek goed dat der de kommende tiid praat wurde sil. "Ik tink dat wat er út de petearen mei Willemsma wei komt hiel wichtich is. Wy moatte wol foarút sjen. De Fryske Marren is in prachtige gemeente, dy't in kolleezje fertsjinnet dy't foar de gemeente troch it fjoer giet."
Oft de FNP diel útmeitsje sil fan dat kolleezje, is lykwols noch net wis. "Ik wit wol dat ús partij nea foar de sânwinning stimme sil", seit De Vries. De partij bliuwt dêrmei by it stânpunt dat yn 2019 late ta it fallen fan it kolleezje.
© Omrop Fryslân