Tikflater kostet ELP Smellingerlân in sit: "Dit komt hurd en kâld oan"

Troch in tikflater rekket de ELP (Eerste Lokale Partij) yn Smellingerlân in sit kwyt. Op de útslaggejûn like de ELP op in stimburo 900 stimmen te krijen, wylst it eins om 90 stimmen gie.
Tikflater kostet ELP Smellingerlân in sit:
Dêrtroch hat de ELP gjin fjouwer, mar trije sitten. Neffens de gemeente gie it om ien fan de gruttere stimburo's yn de gemeente. De ChristenUnie krijt der troch de flater in sit by en giet fan fjouwer nei fiif sitten.
Je krije eins in linkse hoeke en dan lis je ek efkes yn de hoeke.
ELP-listlûker Yntze de Vries
"Dit komt hurd en kâld oan", seit ELP-listlûker Yntze de Vries. "Je krije eins in linkse hoeke en dan lis je ek efkes yn de hoeke. It is fansels hiel, hiel ferfelend. Hoe't it krekt kin, wit ik net. Mar ik haw oanjûn dat as der op dizze wize al flaters makke wurde, dan moatte wy mar in wertelling oanfreegje."
ELP listlûker Yntze de Vries © Omrop Fryslân
De Vries ferwachtet dat it tellen yn in demokrasy goed giet, seit hy. "Dit past hast wol yn de hiele gong fan saken hoe't dingen yn Smellingerlân regele en organisearre wurde. Dat giet miskien wat te fier om te sizzen, mar dat tinke je dan wol."

Net ferwachte

De listlûker is fan 'e tried. "Wy beseffe it suver noch net iens. De ferkiezingen hjirfoar wiene fansels wol in hiel útsûnderlike situaasje en kampanje, mei bygelyks de keapsnein. Dat wie der no net, mar goed. Dat wy op dizze weromset wurde, komt wol hurd oan."
ELP-listlûker Yntze de Vries
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
Boargemaster Jan Rijpstra hat fuort nei it ûntdekken fan de flater beide listlûkers belle om syn ekskuzen oan te bieden. Nettsjinsteande dat wol Yntze de Vries dus dat de stimmen op 'e nij teld wurde.