De toan fan Nelleke IJssennagger: "Lokaal"

"Ferkiezingen hiene noch nea sa'n lokaal karakter as de gemeenteriedsferkiezingen fan dizze wike. Tagelyk stie it lokale dêrtroch lanlik in hiele jûn yn de oandacht.
It lokale breed útmetten yn in jûnfoljende programma, dat gerêst as de Oscarútstjoering fan de polityk typearre wurde kin. Der is sels in eigen hashtag!
It is in feest foar minsken dy't hâlde fan sifers, feiten, weetsjes, lokale partijnammen en plaknammen, statistiken, ferspringende kaarten en lokale reportaazjes, no út sân útkarde gemeenten. Noch net earder seagen wy safolle lokale politisy op in jûn yn byld.
Noch net earder kamen der safolle ferskillende lokale partijnammen en ûnbekende partijlogo's foarby as woansdeitejûn. Fansels giet it om de ferkiezingsútslaggen en wat dit betsjut foar ús gemeenten en dus foar ús. Stikem binne opfallende sifers, opfallende nammen en noch opfallender minsken eins krekt sa aardich op sa'n ferkiezingsjûn. En krekt sa omraak.
"We zijn live in Nieuwegein", meldt de presintator út it plak dêr't de earste exitpoll út wei komme soe. Moaie namme, Nieuwegein, soe der ek in âlde gein wêze, frege ik my ôf? Eins wit ik neat fan Nieuwegein, haw der ek noait west, wylst ik der bêst ris yn 'e buert kom.
Stoarjend nei de kaart fan Nieuwegein falt my op dat Jutphaas der leit. Dat ken ik dan wol wer as fynplak fan it swurd fan Jutphaas, in seldsum prehistoarysk swurd, no yn it Rijksmuseum van Oudheden.
Dochs noch wat opstutsen. Mar wat my no foaral fan Nieuwegein bybliuwt is dat it mei 49,8 persint krekt gjin 50 persint stimmers hat. En dat is dochs spitich.
"Zwolle is de hoofdstad van de provincie Overijssel", lêst de presintator bedreaun foar fan it kaartsje wylst eltsenien dat dochs wol wit. "De oude Hanzestad heeft 130.000 inwoners." Dochs aardich de minske sa noch wat skiednis meikrijt.
Yn Veendam wurdt dêrnei passend ferslach dien út in feesttinte wei, ek dat lit wat fan de lokale tradysjes sjen. Wûnderlik is fansels de namme fan de lokale partij Veur Uut Kiek, moai yn it Nedersaksysk. Soene se by it foarútsjen ek sjoen hawwe dat de ôfkoarting gnizers op 'e hân wurkje soe?
34 montueren, 56 sjaaltsjes en in hânfol minsken dy't efter de ynterviewden sa foar it each spontaan en ûntspannen trochgean mei harren petear wylst se stikem yn de kamera bliere letter, rint de ferkiezingsjûn wat op syn ein. De balâns kin opmakke wurde.
Der binne dit jier 840.000 minsken dy't foar it earst stimme meie. Fan de 9,7 miljoen minsken mei kiesrjocht brocht krekt wat mear as de helte harren stim út. Politisy hawwe 1,5 miljoen euro útjûn oan online spotsjes.
It tal minsken dat in tweet stjoerde oer hoe't se op harsels stimd hawwe gie mei 30 persint omheech. Wy hawwe lessen yn topografy, skiednis, dialekten en gemeentlike yndieling hân en kinne wer rêstich fierder.
De jûn is foarby, de stimmen binne teld. Mar eins begjint it no pas. No moatte de koälysjes foarme wurde. No moatte de nije gemeenteriedsleden ynwurke wurde. No moatte de lokale besluten naam wurde. No moatte de ferkiezingsbeloften wiermakke wurde.
Dêrom doch ik graach in foarstel: litte wy net iens yn de fjouwer jier op ferkiezingsdei, mar alle jierren de balâns opmeitsje. Alle jierren in jûn mei de regionale ferhalen oer de saken dy't spylje yn gemeenten, oer de topografy fan in gemeente, oer de histoarje fan in plak en oer wat nije stimmers graach yn ferskowende polityk sjen soene. Dan kinne we echt Veur Uut Kiek'N."