ANALYZE: dit falt op yn de Fryske útslaggen

Lokale partijen binne de grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezingen. CDA en VVD ferlieze en links bliuwt stabyl. Mar wat falt op en hoe sjogge de kommende fjouwer jier derút?
Eric Ennema © ANP / Omrop Fryslân
Presintator Eric Ennema fan It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân, hat him ferdjippe yn de útslaggen en foarsjocht yn guon gemeenten wol wat tûkelteammen.
Wat is it algemiene byld neffens dy?
"Dat de lokale partijen it wer goed dien hawwe. Je kinne wol konkludearje dat der sprake is fan in landslide foar de lokalo's. Dat is in lanlik byld. Sa'n 40 persint fan de kiezers hat in stim útbrocht op in lokale partij, en dat is tsien persint mear as by de ferkiezingen yn 2018. Ek de FNP profitearret fan dy trend: yn 10 fan de 18 gemeenten is in lokale partij de grutste, yn trije gemeenten is de FNP de grutste."
Lokale partijen, wêrûnder de FNP, winne flink. Likegoed yn Fryslân as lanlik. Hoe ferklearrest dat?
"Sy sizze sels dat se opkomme foar echt lokale tema's en dat sy dêr ek it measte sicht op hawwe. Dy tema's fariearje fan ferkearsûnfeiligens oant wenningneed. Watst ek sjochst, is dat in soad minsken argewaasje hawwe fan lanlike politisy dy't har bemuoie mei dizze lokale ferkiezingen. Dêr koenen de grutte partijen ek wolris lêst fan hân hawwe."
Sa heart listlûker Aant Jelle Soepboer fan de 'lokale' FNP yn Noardeast-Fryslân dat er flink wûn hat:
Wêrom ferlieze it CDA en de VVD yn Fryslân?
"It CDA is noch hieltyd de grutste partij yn Fryslân, mar it hat wol in bêste tik krigen. It CDA hat stimmen ferlern oan twa partijen dy't ferbûn binne oan de populêre BoerBurgerBeweging, Kleurrijk Fryske Marren en Volkspartij in Nederlands Belang (VNLB). Ek Nieuws Sociaal, ferbûn oan de ideeën fan Pieter Omtzigt, hat it CDA stimmen koste. Ik tink dat de VVD lêst hat fan de lanlike weromgong: de partij stiet al skoften min yn de peilingen en dat hat syn effekt ek yn Fryslân."
Hoe hawwe de linkse partijen it neffens dy dien?
"De PvdA hat yn Ljouwert flink ferlern mar bliuwt dêr likegoed de grutste. Yn Súdwest-Fryslân waard de partij foar it earst de grutste. GrienLinks die it eins allinnich yn Ljouwert goed. Yn Waadhoeke die de linkse gearwurkingspartij SAM it bêst."
Hoe is it grutte tal nijkommers te ferklearjen?
"In grut part fan dy nije fraksjes binne eins 'protestpartijen.' Sa docht Forum voor Democratie no yn fjouwer gemeenten mei en Belang van Nederland (BVNL) fan Wybren van Haga yn trije gemeenten fertsjintwurdige.
Fierder is yn Eaststellingwerf noch de Vrije Partij, in rjochtse fraksje dy't him ek fine kin yn stânpunten lykas dy fan FvD. En de twa fraksjes dy't oan de BoerBurgerBeweging ferbûn binne, binne der ek noch. In soad fan dizze partijen wiene der yn 2018 noch net klear foar of bestiene noch net iens. Je soene guon populistysk neame kinne, al sil net elts it dêrmei iens wêze."
No moatte der wer koälysjes foarme wurde. Wêr wurdt dat it dreechst?
"Yn Súdwest-Fryslân en yn De Fryske Marren. Mar ek yn Smellingerlân, yn dy gemeente is de grutte winner fan 2018, de ELP, yn it tal sitten troch de helte gien. Yn flink wat gemeenten rekket it sittende kolleezje de mearderheid kwyt: De Fryske Marren, Flylân, Hearrenfean, Opsterlân, Súdwest-Fryslân en Skylge. Al mei al is der yn Fryslân sprake fan in fierder fersplinterjen fan de gemeentepolityk."