Hoe hawwe de nijkommers it dien mei de ferkiezingen?

Yn Fryslân wie in grut tal nijkommers: fraksjes dy't foar it earst meidiene oan de ferkiezingen of dy't earder noch net in sit hellen by ferkiezingen. Hoe hawwe dy it dien?
In kampanjegearkomste fan Forum voor Democratie yn Ljouwert in jier lyn © ANP
Twa opfallende nijkommers binne de fraksjes dy't har oan de BoerBurgerBeweging ferbûn hawwe fia in bûnsgenoatskip, mar noch net ûnder de namme BBB meidiene.
It giet om Volkspartij in Nederlands Belang (VNLB) yn Súdwest Fryslân en Kleurrijk Fryske Marren yn De Fryske Marren. Dizze nijkommers hellen 5,9 persint (2 sitten) en 9,5 persint (3 sitten).
Keamerlid Caroline van der Plas op besite by Kleurrijk Fryske Marren © Kleurrijk Fryske Marren
In oare nijkommer is Nieuw Sociaal, yn Súdwest-Fryslân opset troch eks-CDA'er Pieter Greidanus. Nieuw Sociaal hat syn programmapunten ûntliend oan de ideeën fan Pieter Omtzigt, dy't lykas Greidanus út it CDA wei komt. Nieuw Sociaal helle lykas VNLB twa sitten en krige 6,9 persint fan de stimmen.
It is goed mooglik dat dizze partijen wûn hawwe te'n koste fan it CDA, dat yn De Fryske Marren mei 5 en yn Súdwest-Fryslân sels mei 11,2 persint ferliest.

Fvd en BVNL fêstigje har

Forum voor Democratie die yn fjouwer gemeenten mei: Achtkarspelen, De Fryske Marren, Ljouwert en Súdwest-Fryslân. Yn al dy gemeenten helle FvD in sit. Yn ferhâlding helle de partij yn Achtkarspelen it grutste part fan de stimmen: 5,7 persint.
Listlûker Johan Talsma fan BVNL Noardeast-Fryslân © BVNL
Belang van Nederland (BVNL), de lanlike partij dy't ferline jier troch Wybren van Haga oprjochte is, die yn trije gemeenten mei. Dêr die de partij it goed: it helle 14,7 persint (3 sitten) yn Tytsjerksteradiel, 8,4 persint (2 sitten) yn Noardeast-Fryslân en 7 persint (1 sit) yn Dantumadiel.

Jezus Leeft hellet gjin sitten

In nijkommer fan hiel oare aard is Jezus Leeft. Dizze partij die yn Harns, Hearrenfean en Smellingerlân mei, mar it slagge yn dizze gemeenten net om in sit te pakken. De 1,8 persint fan de stimmen yn Smellingerlân wie de heechste útslach.

Lijst Fier (Flylân) mei 38 persint de grutste winner

De grutste winner ûnder de nijkommers is Lijst Fier, de partij op Flylân fan listlûker Henk Veerdig. Dy siet earst foar GroenWit yn de ried, mar hy fûn him te liberaal wurden foar dizze partij en besleat selsstannich fierder te gean yn 2019. Lijst Fier helle 38,5 persint fan de stimmen (3 sitten), wêrmei't it fuortendaalks de grutste partij is.

Oersjoch fan de nijkommers:

Achtkarspelen
Dantumadiel
De Fryske Marren
Eaststellingwerf
Flylân
Harns
Hearrenfean
Ljouwert
Noardeast-Fryslân
Smellingerlân
Súdwest-Fryslân
Tytsjerksteradiel
Weststellingwerf