Liveblog | 16 maart 2022

OERSJOCH: Dit wie de tredde ferkiezingsdei yn Fryslân

Yn dit liveblog melden wy it lêste nijs oer de gemeenteriedsferkiezingen.

  • Folgje hjir ús nije liveblog mei alle útslaggen;
  • Sjoch oant 1.00 oere nei Fryslân Kiest, ús spesjale útstjoering oer de ferkiezingen;
  • Sa'n 525.500 Friezen meie stimme, lanlik sa'n 13,6 miljoen yn 334 gemeenten;
  • Al it nijs oer de ferkiezingen stiet yn ús dossierside.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 16 maart 2022, 20:31
woansdei 16 maart 2022
20:28

Oant safier dit liveblog

In healoere foar de stimbussen slúte we dit liveblog. Al it ferkiezingsnijs, en de útslaggen, binne te folgjen yn in nij liveblog. Dat is hjir te finen.
Tige tank foar it folgjen.
20:08

Boargemaster De Fryske Marren: Opkomst is 'leechste ea'

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren makket him soargen oer de opkomstsifers. Om 19:00 oere hinne hie minder as de helte fan de ynwenners fan syn gemeente stimd. Dat wiene der oant no ta altyd mear, seit er.
Boargemaster Fred Veenstra (De Fryske Marren) oer de opkomst:
20:00

Race om de earste útslaggen kin hast begjinne

Mei noch in oere te gean foardat de stimburo's slute, meitsje meiwurkers fan stimlokalen har klear om de stimmen te tellen. Om 21:00 oere stride meardere gemeenten om de earste útslaggen te melden.
Stimme op Skiermûntseach (âlde foto) © ANP
Meastal giet dy striid tusken Skiermûntseach, Flylân en it Gelderske Rozendaal. Dy lêste gemeente hat troch de komst fan in nije wenwyk no mear bewenners, en tinkt no al 'kânsleas' te wêzen yn de 'striid', seit in wurdfierder.
By de foarige gemeenteriedsferkiezingen, yn 2018, melde Skiermûntseach de earste útslach fan Nederlân, om 21:13 oere. De opkomst wie doe 83 persint. Flylân wie twadde, en melde de útslach tsien minuten letter.
19:15

De opkomstsifers op in rychje

Wat is it opkomstpersintaazje yn myn gemeente?

Gemeente % Tiid
Achtkarspelen 44 19.00
Amelân 59,1 18.00
Dantumadiel 51,4 19.30
De Fryske Marren 47 19.00
Eaststellingwerf 41,2 19.00
Flylân 39 11.00
Harns 44,3 19.00
Hearrenfean 45,5 19.00
Ljouwert 27,9 16.00
Noardeast-Fryslân 47,8 19.30
Opsterlân 45,5 19.00
Skiermûntseach 64 16.00
Skylge 42 15.30
Smellingerlân 43,3 19.00
Súdwest-Fryslân 43,6 18.30
Tytsjerksteradiel 49,4 19.00
Waadhoeke 40 18.45
Weststellingwerf 19 13.00
19:31

Onno Falkena praat mei it 16-jierrige kandidaat-riedslid Ruben Boonstra

Hy wol yn de ried foar Smallingerlands Belang:
19:28

Henk van der Veer oer de politike situaasje yn Súdwest-Fryslân

Henk van der Veer: