Iepenloftbad Surhústerfean yn noed oer hege gasprizen: "In grutte domper"

Iepenloftswimbaden hawwe it dreech troch de hege gasprizen. De kosten binne somtiden wol twa of trije kear heger as foarhinne en dat fernimme se ek by swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean.
Iepenloftswimbaden hawwe noed oer de hege gasprizen:
"Wy meitsje ús wol wat soargen mei dy gigantyske gasprizen", seit Bonne Helfrich, sjef badmaster by Wettervlecke. "Us swimbad wurdt op gas en stroom ferwaarme. Dêrmei komme wy foar ekstra kosten: dit jier komme wy nei alle gedachten dochs al gau in 30.000 euro heger út as oars. Dat is in grutte domper."
Wettervlecke hat grutte plannen om it swimbad sûnder gas draaie te litten. Ferduorsumje is op koarte termyn lykwols net in oplossing. "Dat is net samar dien. Je moatte dêr goed oer neitinke en by tal fan bedriuwen del. It soe mei waarmtepompen, sinne-enerzjy en akku's kinne. Wy moatte allegearre heakken en eagen oerwinne, mar wy moatte it wol dwaan."
It wetter stiet ús noch net oan de lippen ta. As wy yn it bad steane wol, mar oars net.
Bonne Helfrich fan swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean
Dit jier sil it yn alle gefallen noch net slagje om fan it gas ôf te stappen. Helfrich: "Mar wy dogge der alles oan om derfoar te soargjen dat it wetter waarm bliuwt. Sa krije wy nije kleden op it bad, om derfoar te soargjen dat it wetter sa lang as mooglik waarm bliuwt. Sa moatte je besykje de prizen leech te hâlden, want it is net te beteljen."
Bonne Helfrich, sjef badmaster by swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Helfrich hopet net dat de enerzjyprizen trochberekkene hoege te wurden oan de gast. "Dat is net de bedoeling, mar need brekt wet. Wa wit, kin it bad in graadsje leger. Wy hâlde it alle dagen yn de gaten. Wy binne wol wat wend op it Fean. It wetter stiet ús noch net oan de lippen ta. As wy yn it bad steane wol, mar oars net."