Earste stimdei net sûnder problemen: frijwilligers belje op it lêste stuit ôf

It hâldt noch net oer mei it tal 'betide stimmers' op de Fryske stimburo's. In beheind tal stimburo's is moandei en tiisdei iepen foar de gemeenteriedsferkiezingen. Woansdei binne alle stimburo's iepen.
Ferslachjouwer Mats Gies sjocht hoe't it giet by in stimburo yn Surhústerfean:
Yn Fryslân meie sa'n 525.500 minsken nei de stimbus. Krekt as by de Twadde Keamerferkiezingen fan in jier lyn binne der trije stimdagen. Moandei en tiisdei binne yn elke gemeente in pear stimburo's iepen.
"Dat is toch om de mensen nog wat te verspreiden", seit Kick Mulder, it haad fan in stimburo yn Surhústerfean. "En de verwachting is dat daardoor ook de totale opkomst hoger zal liggen dan vier jaar geleden."
Tusken de 2 en 4 prosint fan de stimrjochtigen yn alle gemeenten hat moandei syn stim útbrocht.

Noch wol coronaproblemen

De earste stimdei kaam net probleemleas op gong, seach ferslachjouwer Mats Gies. "Der wienen wat minsken dy't by stimburo's stienen dy't hjoed noch ticht binne. En yn in soad gemeenten belje frijwilligers op it lêste stuit ôf, omdat se mei in coronabesmetting yn karantêne sitte."
Dêr is wol oer neitocht, mar de problemen binne net altyd maklik te ferhelpen. "Der is yn de measte gefallen wol in reservelist mei ferfangers. Mar omdat de ferkiezingen no oer trije dagen ferspraat wurde, kin dat tiisdei of woansdei noch wol foar problemen soargje."
Yn Ljouwert, mei de measte stimrjochtigen, wienen oan de ein fan de middei 2.190 stimmen útbrocht. Ien fan de stimburo's is yn skouboarch De Harmonie. "Het loopt lekker rustig door", seit stimburofoarsitter Freek Wijning.
Foar de betide stimmers spilen persoanlike belangen in wichtige rol yn de kar foar in partij. Ien fan de kiezers wol mear plysje op strjitte. "Er wordt heel vaak naar me geroepen of gefloten, dan voel ik me onveilig." Oare kiezers basearje har stim op bygelyks de diskusje oer it autofrij meitsjen fan de Eewal of jouwe har stim spesifyk oan in frou.