Ek Groenewoud kin nei Jumbo-Visma, Anema moediget oan op petear te gean

Marijke Groenewoud kin, lykas har ploechgenoat Jorrit Bergsma, de oerstap meitsje nei Jumbo-Visma. Harren hjoeddeistige coach Jillert Anema fynt it net mear as logysk dat it twatal it petear oangiet mei de giel-swarte formaasje.
Marijke Groenewoud hat in oanbieding krigen fan Jumbo-Visma:
Nei de earste dei fan de wrâldbekerfinale yn Thialf fertelde Jorrit Bergsma dat hy in petear hân hat mei Jumbo-Visma. Dy ploech hat no ek Marijke Groenewoud yn it fizier. Se hat de berjochten oer Bergsma ek lêzen. "Jorrit slacht syn fleugels út ha ik lêzen, ja", laket Groenewoud.

"Jumbo wol my graach hawwe"

Mooglik dat ek de Hallumse de oerstap makket. "Jumbo hat by my west en wol my graach hawwe. Dêr moat ik noch mei sitte en dat sille we sjen", fertelt se nei de sulveren medalje op de massastart snein.
Groenewoud har kontrakt by Team Zaanlander rint nei dit seizoen ôf. Se fynt it net gek dat der belangstelling foar har is. "Dat mei ek wol nei sa'n goed seizoen." Se helle de Olympyske Spelen op de 1.500 meter en ried ek op de ploege-efterfolging en de massastart yn Peking.
Jillert Anema by de Olympyske Spelen mei Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Oft it ek echt ta in oerstap komt, is ôfwachtsjen. Groenewoud sil yn petear mei coach Jac Orie fan Jumbo-Visma. Wis is dat se Anema en har ploech fan no net samar ynruilet. "Ik bin by Jillert begûn, dat befalt my goed. En dat programma past ek goed by my."

Maratons

Dat it har sa goed past, komt mei trochdat se njonken de langebaan ek maratons ride mei. "Dêrom sit ik hjir ek goed op myn plak. Ik wit net hoe't dat dêr is. Ik ha gjin flau idee hoe't se wurkje."
Neist fakânsje fiere sil Groenewoud har de kommende wiken dus ek dwaande hâlde moatte mei de kontraktbesprekkings. Al is se dêr, lykas altyd, hiel nochter ûnder. "Ik meitsje my der net hiel drok om. Ik sjoch wol hoe't it komt. Earst de petearen mar ôfwachtsje."
Jillert Anema oer de kwestje
Anema hat Groenewoud de lêste jierren begelaat en ek Bergsma hat syn hiele karriêre riden ûnder de wjukken fan de coach út Bontebok. Hy hopet dan ek dat it twatal by syn ploech bliuwt. "Ik ha der in protte enerzjy en gefoel ynstutsen. Ik hoopje ek dat se bliuwe."
Dochs fynt de reedrydcoach it logysk dat se it petear oangeane mei Orie-en-dy. Sterker noch, hy moediget it oan: "As minsken ynteresse yn dy hawwe, lykas Jumbo, dan ried ik myn sporters oan om derhinne te gean en te praten en te hearren wat se fan plan binne. Dat is hiel normaal."

Mear salaris

Bergsma is 36 jier, mar wol noch in oantal jierren troch. Neffens Anema spilet it salaris in grutte rol foar de Boarnster. "Hy is in wedstriidsporter en besiket in goed salaris te krijen. Dat is syn goed rjocht. Fansels giet it om it finansjele aspekt. Dat is hielendal net ferkeard, we moatte allegearre libje."
Jillert Anema © Orange Pictures
In goed salaris kin Anema ek biede oan Bergsma en Groenewoud, al sil dat nei alle gedachte minder wêze as by guon oare ploegen. "As se bliuwe, krije se in fergoeding dêr't se gjin earmoed troch krije. It is net sa dat wy in ploech ha dêr'tst ryk wurdst fan dyn salaris", jout de 66-jierrige coach oan.

Sponsor

Wissichheid kinne Bergsma en Groenewoud ek krije by de ploech fan Anema, dy't no noch Zaanlander hjit. Want in sponsor is al regele foar folgjend seizoen, sa seit Anema. "Ja, folgjend jier ha we in hiel goeie sponsor. Wêrom soe ik fertelle hokker? We ha it dik foarinoar. It komt goed. Ik draai fan 1992 ôf in eigen team. Der is totaal gjin inkel probleem om sponsoaren te finen."