Letitia de Jong hâldt op mei reedriden: "It is klear"

Letitia de Jong hâldt op mei reedriden. De 29-jierrige reedrydster hie in ôfrinnend kontrakt by Team IKO en hinget de redens oan de wylgen, lykas har freondinne Ireen Wüst.
It is klear mei de karriêre fan Letitia de Jong:
De lêste jierren wurdt de Feanwâldster reedrydster pleage troch blessueres. Har skouder fleach meardere kearen út 'e kom en oardel jier lyn ûntstie der in slymbeursûntstekking by de heup, dêr't se hast in jier mei wraksele hat.
Dat hat der mei foar soarge dat De Jong ophâldt. "It is klear. Ik ha moaie tiden hân, mar it slagget my net mear werom te kommen op it nivo dêr't ik graach op aktearje wol", fertelt se.
Ik hoech net benaud te wêzen dat ik my ferfele sil.
Letitia de Jong
Foar de blessueres hearde De Jong by de nasjonale top. Se waard ûnder mear twa kear wrâldkampioen op de teamsprint. Ek waard se yn 2018 en 2020 Nederlânsk kampioene sprint.
Neitinke oer it hichtepunt fan har karriêre kostet De Jong net safolle tiid: "It WK ôfstannen yn Salt Lake City wie sportyf sjoen myn beste prestaasje. Mar foaral fan alles deromhinne ha ik hiel bot geniete."
Letitia de Jong yn aksje by it OKT, ien fan har lêste wedstriden as reedrider © Orange Pictures
Dêr't guon sporters noch wol ris yn in swart gat falle nei harren karriêre, sil dat net jilde foar De Jong. "Ik hoech net benaud te wêzen dat ik my ferfele sil", laket se.
Dat hat in reden. "Ik begjin oan myn ko-skappen (in ûnderdiel fan de oplieding Genêskunde, red.). Myn bachelor Genêskunde ha ik in skoft lyn al helle, mar ik hie nea tiid om mei myn ko-skappen te begjinnen."
Mooglik is it yn de takomst dus dokter Letitia de Jong yn stee fan reedrider Letitia de Jong. Al wit se noch net krekt wat foar kant se op wol yn de genêskunde. "Ik hoopje der no efter te kommen wat ik moai fyn", seit De Jong.