Jorrit Bergsma mooglik fuort by Jillert Anema: "Miskien goed earne oars te sjen"

It kin wêze dat der in ein komt oan it sportive houlik tusken Jorrit Bergsma en Jillert Anema. De 36-jierrige reedrider hat in oanbieding krigen om de oerstap te meitsjen nei in oare ploech.
Jorrit Bergsma kin nei in oare ploech:
Jorrit Bergsma wol net sizze om hokker ploech it giet, mar yn de Ljouwerter Krante sei coach Jillert Anema sneon dat it om Jumbo-Visma giet.
Dêr wol Bergsma net op yngean. "Ik wol it der foar de rest net oer ha. Ik moat ek noch yn petear mei ús eigen ploech. Ik ha in goed petear hân mei in oare ploech, dy't hiel posityf wie. It is no efkes beriede wat foar my de beste kar is."
Ik bin noch lang net klear.
Jorrit Bergsma
De Boarnster rydt al syn hiele karriêre by coach Jillert Anema. Dêrom soe it opfallend wêze as Bergsma him, yn de lêste jierren fan syn karriêre, ferruilje soe foar in oare coach. "Miskien is it ek wol ris goed om earne oars te sjen", seit Bergsma.
"Ik ha in hiel suksesfolle relaasje hân mei Jillert en de ploech. Ik moat gewoan foar mysels beriede wat ik wol en wat de ploegen wolle. De rânesaken moatte yn balâns wêze."
Jorrit Bergsma © Orange Pictures
De Olympyske Spelen ferrûnen teloarstellend foar Bergsma, dy't lykwols noch net fan doel is op te hâlden. "Ik bin miskien 36, mar ik ryd ien fan myn bettere seizoenen op de Spelen nei. Oan de begjin fan it seizoen ryd ik hjir 6.07. Ik bin noch lang net klear. Ik wol mei in partij troch dy't ek graach mei my troch gean wol."

Maraton

Wis is dat Bergsma by in mooglike nije ploech ek maratons riden bliuwe wol. Dat docht hy no ek. Sterker noch: hy is de regearjend Nederlânsk kampioen op de maraton.
"Jaseker, dat wol ik dwaan bliuwe. Dêr helje ik ek in soad wille út", seit Bergsma dêroer.