Omrop TIP: Podcast 'De ûntdekking fan Fryslân'

Yn de podcast 'De ûntdekking fan Fryslân' meitsje Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar, en programmamakker Bart Kingma in reis troch de Fryske skiednis.
Bert Looper foar it Paleis fan Justysje © Omrop Fryslân
Yn novimber 2021, 70 jier nei Kneppelfreed, stjoerde FryslânDOK twa telefyzjedokumintêren út ûnder de namme 'De ûntdekking fan Fryslân'. Wêrom stelle al iuwenlang Friezen harsels (en inoar) de fraach: wa binne wy en wat ûnderskiedt ús fan oaren?

Roadtrip

Programmamakker Bart Kingma makke mei Bert Looper in roadtrip by allegearre plakken del dy't wichtich binne yn de skiednis fan Fryslân. Der is no ek in podcast makke mei in ferslach fan de reis en de ferhalen dy't dêr ûnderweis by opdien binne.
Histoarikus Looper kin de skiednis tsjutte en is in nijsgjirrich ferteller. En mei Kingma as krityske fragesteller binne it fiif boeiende ôfleveringen wurden.
Bert Looper lêst Gysbert Japicx © Omrop Fryslân
It startsein is novimber 1951, Kneppelfreed, en fan dêrút geane de makkers werom yn de tiid. Se bedarje by de Upstalbeam yn Dútslân, yn de midsiuwen in rjochtsplak foar Friezen út ferskillende gebieten.
Bert Looper by de fontein Love yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Yn it tsjerkje fan Westerwijtwerd sjogge sy iuwenâlde Fryske fresko's. Sy binne yn Frjentsjer, fan de 16e iuw ôf in wichtich sintrum fan wittenskip. Yn Boalsert stiet de dichter Gysbert Japicx, dy't de skjintme fan taal en lânskip besong.

De wrâld is yn beweging, kultuer ek

Se komme yn it berteplak fan Looper, De Gordyk, dêr't de ekonomyske ûntwikkeling fan de 19e iuw noch sichtber is. En ta beslút stelle se de fraach hoe't de Friezen fan hjoed-de-dei harsels definiearje wolle.
Maklik is it antwurd net. De wrâld is yn beweging, en in kultuer is dat ek.
'De ûntdekking fan Fryslân' is in nije rige fan de podcast 'FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân'. Te finen op de bekende podcast-apps en op omropfryslan.nl/podcast. De telefyzjedokumintêren fan FryslânDOK oer itselde ûnderwerp steane ek online: diel 1 en diel 2.