Lutz Jacobi ferlit de polityk: "Gemeentlike polityk wie net echt wat foar my"

Lutz Jacobi (PvdA) ferlit ynkoarten de polityk. Se kaam yn 2006 yn de Twadde Keamer, en sit sûnt 2017 noch in termyn yn de gemeenteried fan Ljouwert. Sy hie it mear nei it sin yn Den Haag, seit se: "De gemeentlike polityk wie net echt wat foar my."
© Omrop Fryslân
Jacobi siet de ôfrûne fjouwer jier foar de PvdA yn de gemeenteried fan Ljouwert. "Ik ha yn 2017 sein, ik doch noch ien rûntsje en no is it safier. It is wichtich dat der no wer oaren opsteane en de karre lûke."
Nei alve jier yn de Twadde Keamer, besleat se yn 2017 har sit yn de gemeenteried dochs yn te nimmen, en dêrmei de PvdA as listlûker te help te kommen. "Yn 2017 hiene we de werferdielingsferkiezings, de PvdA hie mar fjouwer sitten skoard, doe seinen se: help ús."
De gemeentepolityk is neat foar Lutz Jacobi:
Dochs befoel har de gemeentlike polityk net sa goed. "It is wol wat, mar it is net echt geskikt foar my. Ik ha in hartstikkene drokke baan, gemeentepolityk is úteinlik in njonkenfunksje."
It wie wol te kombinearjen mei har funksje as direkteur fan de Waadferiening, mar se is in soad tiid kwyt oan de polityk, fertelt se: "Ik besteegje der yn alle gefallen mear as 20 oeren de wike oan."
"Yn de Twadde Keamer binne je 24 oeren mei deselde fokus dwaande, en dêr ha je it hiele netwurk om je hinne." Dat is hjir wol oars, fertelt se: "As je hjir wat regelje wolle, de gemeenteried komt op woansdeitejûn gear, hat in wrâld oan taken en dy kinst mar foar in lyts part behannelje."
We ha fansels ek in pear jierren mei corona hân, dan giet de enerzjy der ek wol wat út.
Lutz Jacobi
It betsjut net dat se der gjin wille oan belibbe hat. "Ik fyn it wol moai om minsken te moetsjen, harren sinjalen nei binnen bringe. Ik ha my noch hiel drok makke om earmoed en oer de Wmo, wat brêgen en sokke dingen. Dat fyn ik hartstikkene moai."
"Mar we ha fansels ek in pear jierren mei corona hân, dan kinne je ek net mear by de minsken op besite, dan giet de enerzjy der ek wol wat út", jout Jacobi ta.

Els Veder-Smitpriis

Dizze wike waard de earste Els Veder-Smitpriis útrikt, en dy gong nei Jacobi. De priis waard útrikt oan ien dy't har ynset hat foar de rol fan froulju yn de polityk.
"Ik moat earlik sizze, ik hearde twa oeren fan te foaren dat ik ien fan de trije finalisten wie. De iennige kear dat ik Els Veder-Smit moete wie yn it MCL, ik fûn har in hiele deftige dame", fertelt Jacobi. "En ik tocht ik bin net deftich, dus ik wurd it net. It is wol in eare, in erkenning."
Lutz Jacobi oer froulju yn de polityk en de wurkdruk:
It wurk is ek nedich, seit se. Noch altyd binne de measte gemeenteriedsleden manlju. "Der is noch hiel wat wurk te dwaan, as froulju ha je thús noch in hiel soad soarchfunksjes. Is der net in kear in man dy't dat wat oppakt? Je hawwe somtiden ek noch in baan, it is hast ûnmooglik om dêryn te operearjen."
No is it wurk op himsels somtiden ek swier, fynt Jacobi. "It binne somtiden pakken oan stikken, do kinst ûnmooglik alles dwaan. Do moatst sjen, wat wol ik hjirmei en wat wol ik berikke, foar wa?"

'Debattearje, tsjinwyn krije en op besite'

Neffens har fersjogge minsken harren yn it begjin faak op it wurk. "In protte minsken dy't net earder yn de polityk aktyf west hawwe moatte dêr oan wenne. Dat kostet al stress en muoite."
"Dêrneist debattearje, moatst leare om te gean mei tsjinwyn krije, mar moatst ek in protte op besite, nei minsken ta." Dat is foar in soad minsken hast net te dwaan, seit se. Benammen as se der ek noch in hiel drok bestean njonken hawwe.

Gemeentepolityk oantreklik meitsje

De fraach is hoe't it fak oantrekliker makke wurde kin. Guon riedsleden fine de fergoeding foar it wurk te leech. "Ik tink net dat it jild dat de reden wêze moat om yn it iepenbier bestjoer te gean. It giet foaral ek om passy en dyn grutte idealen."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Lutz Jacobi.
Mar se sjocht ek yn dat guon minsken ôfhinklik binne fan de fergoeding. "Der binne wol riedsleden dy't gjin oare baan hawwe en foar harren is it wol harren basisynkommen, dan is it wol te leech."
En dan is it klimaat yn de polityk somtiden ek noch ris net sa noflik. Politisy wurde bedrige en ferkiezingsbuorden wurde fernield. Jacobi hat der gjin goed wurd foar oer: "Ferskriklik, ik wurd der hiel lilk fan. It is in oanslach op de demokrasy."
It kabinet wol 100 miljoen útlûke foar it fersterkjen en beskermjen fan lokaal bestjoer. "Ik hearde fan 'e wike dat dat dan nei bewaking en nei kamera's moatte soe", seit Jacobi. "Ik fyn sels dat we miskien allegear wol op kursus kinne, dat we mei ús allen leare hoe't we yn dit lân mei inoar omgeane. De previnsje is essinsjeel."
Jacobi oer bedrigingen en fernielingen:
Se fynt dat de Twadde Keamer dêr sels ek in grutte rol yn hat. "Ik bin yn 2006 yn de Twadde Keamer kaam. Myn byld fan de Twadde Keamer wie dat je respektfol mei inoar omgeane, wy binne in foarbyld foar ús lân. Doe kaam it wurd 'kopvoddentaks' foarby, en ik skamme my dat ik dêrby hearde."
"Je krije dêrnjonken as Keamerlid wol 30 mails yn 'e wike mei 'vuile volksverlakkers' of 'ze moeten jullie doodschieten'. Ik fielde my dêr nea echt troch oansprutsen, mar it is net normaal."
It is gewoan net akseptabel, nea.
Lutz Jacobi oer bedriigjen fan politisy en it fernielen fan ferkiezingsbuorden
Yn plak fan de mails fuort te klikken is Jacobi ris yn kontakt kaam mei ien fan de bedrigers. "It binne faak minsken dy't ûngelokkich binne en harren net thúsfiele yn dizze maatskippij. Dat is wat dat de polityk him oanlûke moat", seit se.
Jacobi sjocht dat dizze problematyk, it bedriigjen en it fernielen, al jierren spilet. Akseptearje dat it derby heart is se lykwols net fan doel: "It is gewoan net akseptabel, nea."
© Omrop Fryslân