Stipe fan suvelkonserns oan greidefûgelboeren keallet swier

Boeren fertsjinje litte oan har wurk foar greidefûgels is in hiele toer. En besteande regelingen fan suvelkonserns om it buorkjen duorsumer te meitsjen, slute dêr net op oan.
Kij © ANP
Dat fernimt direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie. Hy besiket mei oaren in alternatyf fertsjinmodel te ûntwikkeljen foar boeren dy't meidogge oan it lanlike Aanvalsplan Grutto.
Dat plan is bedoeld om de skries fan it útstjerren te rêden, mei tûzen bunder grutte gebieten dy't geskikt binne foar greidefûgels.
Mar yn 'e regel betsjut dat wol dat dy boeren minder fertsjinje mei de molke. Dus moat dêr in alternatyf foar fûn wurde lykas in plus op harren molke, betelle troch it suvelfabryk.

Keallet wol swier

"Wêr't wy sjogge dat it noch wat swier keallet, is bygelyks by de suvelsektor", seit Van der Werf. "By de Campina's fan dizze wrâld. Wy fine dat sy ek betelje moatte foar in boer dy't oan goed greidefûgelbehear docht."
Sa'n boer moat dêr ekstra ynkomsten út generearje kinne. "Dat idee is der wol: sy krije bygelyks twa en heale sint as sy oan Planet Proof dogge. Wy fine dat it én mear wêze moat en dat der mear boeren oan mei kinne dwaan. Want it animo is der."