Buma: 1.000 opfangplakken foar Oekraynske flechtlingen yn Fryslân binne klear

Yn Fryslân binne der 1.000 plakken klear om flechtlingen út Oekraïne op te fangen. Dat seit Sybrand Buma, foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.
Sybrand Buma © ANP
Flechtlingen út Oekraïne hoege gjin asyl oan te freegjen yn Nederlân. De feilichheidsregio's en gemeenten binne dêrom ferantwurdlik foar de opfang. It kabinet hat de 25 feilichheidsregio's frege om yn totaal 50.000 opfangplakken te regeljen. De helte moast al op koarte termyn beskikber wêze.
Yn Fryslân is dat no dus klear, seit Buma. "We hebben vandaag overleg gehad met de achttien burgemeesters in Fryslân."
Earder dizze wike waard as earste fan herberch Oer 't Hout yn Grou bekend dat dêr flechtlingen komme koene. Wat de oare lokaasjes wurde, dat moatte gemeenten sels bekend meitsje, seit Buma. "Vanuit de Veiligheidsregio hadden we de opdracht om te coördineren. Gemeentes communiceren nu zelf welke plekken ze hebben geregeld."

Twizel en Burgum

De gemeente Achtkarspelen hat yn alle gefallen al witte litten dat der yn Twizel plak is foar 70 flechtlingen. Tytsjerksteradiel stelt in âlde lokaasje fan soarchynstelling Berchhiem yn Burgum beskikber foar 60 flechtlingen.

Partikuliere opfang net ienfâldich

Partikulieren kinne ek flechtlingen opfange, mar dêr moat neffens opfangorganisaasje Takecarebnb en Buma net te licht oer tocht wurde.
We vinden dat ze een ruimte moeten hebben waar de deur dicht kan, waar ze zich terug kunnen trekken.
Lilly Wiggers (Takecarebnb)
"Mensen hebben iets heel moeilijks meegemaakt", seit Lilly Wiggers fan Takecarebnb. "We vinden dat ze een ruimte moeten hebben waar de deur dicht kan, waar ze zich terug kunnen trekken. Dus niet slechts een bank in de huiskamer."
Issam en Anastasia út Kiev kamen dizze wike oan yn Hitsum © Omrop Fryslân
Buma slút him dêrby oan. "Particulier opvangen is echt iets wat niet vanzelf gaat. Je moet heel goed nadenken of je mensen zelf wilt opvangen. Er zijn ook alternatieven, je kunt bijvoorbeeld helpen bij de opvang."

Melde hoecht net

Oars as by flechtlingen út bygelyks Afganistan ôfrûne simmer, hoege flechtlingen út Oekraïne har de earste njoggentich dagen net te melden. Dat is te tankjen oan de assosjaasje-oerienkomst tusken de EU en Oekraïne.
"Iemand uit Oekraïne mag gewoon ergens in Nederland overnachten. Het is niet iemand die illegaal binnenkomt en zich moet melden. Melden is trouwens wel verstandig, maar niet verplicht."

Fan de iene krisis yn de oare

It is wol in bysûndere situaasje, merkt Buma op. "Precies twee jaar geleden begonnen we met de veiligheidsregio's met de coronacrisis. Het echte crisisgevoel was net weg, en nu komt er iets dat in z'n omvang nog heftiger is. Een echte oorlog, die heel veel vluchtelingen hiernaartoe zal brengen. En ook economisch zal het grote gevolgen hebben."