Kultuerried: "Gemeenten, soargje foar jimme kultuersektor"

Kultuer moat net ferjitten wurde troch alle partijen dy't meidogge oan de gemeenteriedsferkiezingen. Dy oprop docht de Raad voor Cultuur in wike foar de ferkiezingen.
Sa waard de oprop oerlange:
De Raad voor Cultuur fynt dat eltse gemeente yn it lân genôch foarsjenningen hawwe moat foar de ynwenners. It giet dan om bygelyks biblioteken en muzykferieningen, mar ek om oefenromten.
Ek moat der op de skoallen omtinken wêze foar kultuerûnderwiis, seit Stef Avezaat fan de Raad voor Cultuur. "Ons uitgangspunt is dat cultuur voor iedereen toegankelijk moet zijn en dat iedereen mee kan doen. Je moet het samen doen."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dêr leit lykwols ek it probleem. In soad gemeenten hawwe besunige op kulturele ynstellingen. De basis om dan mei te dwaan is der dan foar in part fuort. Avezaat: "We roepen de politieke partijen die straks gaan formeren op om hier rekening mee te houden. Dat je mensen de kans geeft ergens te repeteren of een uitvoering te houden. Dat je als het kan die basis versterkt. Dat is een keuze die je ook kunt maken."
Wethâlder Hein Kuiken krijt it rapport © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Ljouwerter kultuerwethâlder Hein Kuiken krige de oprop oerlange fan de Raad voor Cultuur. Hy is binnen de Vereniging Nederlandse Gemeenten ferantwurdlik foar de sektor.

60 persint kultuerjild fia gemeenten

Kuiken begrypt de fraach hiel goed: "Jazeker, ik snap die kreet en die is terecht. Zestig procent van het geld dat besteed wordt aan cultuur gaat via de gemeenten. Dus dat de Raad voor Cultuur na de coronacrisis waarin de culturele sector de klappen heeft opgevangen dit opstelt is terecht."
Ik denk dan ook dat de meeste gemeenten wel inzien dat cultuur van essentiële waarde is.
Wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert
Kuiken fynt ek dat gemeenten mear ynvestearje moatte: "Het besef dat cultuur belangrijk is, is wel doorgedrongen tot partijen die in het verleden kritisch waren. Dat zie ik in Leeuwarden. Ik denk dan ook dat de meeste gemeenten wel inzien dat cultuur van essentiële waarde is en dat bezuinigingen op cultuur uitblijven."