Jongfryske Mienskip wol mear Frysk op de dyk: net 'Fietspad', mar ‘Fytspaad’

De Jongfryske Mienskip hat kultuerdeputearre Sietske Poepjes tongersdei tsien foarstellen presintearre om de Fryske taal en identiteit sichtberder te meitsjen.
De oerlanging fan it plan © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De aksjegroep pleitet derfoar om de ferkearsbuorden mei de tekst 'fietspad' yn Fryslân te ferfangen troch buordsjes mei de tekst 'fytspaad'. Om dit mooglik te meitsjen soe it 'Reglement verkeersregels en verkeerstekens' fan 1990 oanpast wurde moatte, want in buordsje mei de tekst 'fytspaad' hat no noch gjin juridyske basis.
Yn Achtskarspelen is it jierren lyn wol besocht © Jongfryske Mienskip, Sjoerd Grienhof
De Jongfryske Mienskip wol net allinnich fytsers, mar ek autoriders konfrontearje mei it Frysk. It bekende boerd mei de tekst 'Doorgaand verkeer' soe yn Fryslân feroare wurde moatte yn 'Trochgeand ferkear'.

Regionale kentekens

De groep wol ek graach regionale kentekens op auto's. Op kentekens fan yn Fryslân registrearre auto's soe njonken NL oan de linkerkant ek FRL stean kinne oan de rjochterkant. Ek hjirfoar moat it reglemint oanpast wurde.
"It is gjin nuver idee", seit wurdfierder Wolter Jetten fan de Jongfryske Mienskip. "Yn 1906 wiene der ek kentekens, doe mei de letter B. Ek yn guon oare Europeeske lannen, lykas Italië, is de regio op alle kentekens te sjen."

Bestjoersôfspraak Fryske Taal

De Jongfryske Mienskip komt mei de foarstellen omdat Ryk en provinsje al in skoftke yn petear binne oer it tema sichtberens. It doel is om dêr ôfspraken oer te meitsjen en dy ta te heakjen oan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer BFTK. De Jongfryske Mienskip wol hjir de provinsje en it Ryk by helpe. It is dêrom it doel om it oanfalsplan ek takomme te litten oan minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken en alle Fryske Twadde Keamerleden.
De jierlikse spandoeken mei de tekst 'De scholen zijn weer begonnen' fan Veilig Verkeer Nederland kinne neffens de Jongfryske Mienskip yn Fryslân tenei better yn it Frysk. De JFM fynt dat de provinsje yn de rol fan taalskipper hjir it bêste ôfspraken oer meitsje kin mei gemeenten, skoallen en Veilig Verkeer Nederland.
© Omrop Fryslân
De Fryske plysje kin neffens de Jongfryske Mienskip it beste de dyk op mei it opskrift 'Plysje' op de plysje-auto's en uniforms mei as biedwurd 'Plysje: Wach en tsjinstber.' De JFM wiist der op dat meartalige plysje-uniforms yn in stêd as Brussel hiel gewoan binne mei 'Police/Politie' as opskrift.
Om dit mooglik te meitsjen moat wol de 'Regeling van de Minister van Binennlandse Zaken, houdende regels voor de kleding van politie' oanpast wurde.

Fryske ID-kaart

Njonken mear sichtberens op de dyk pleitet de Jongfryske Mienskip ek foar it sichtber meitsjen fan it Frysk op offisjele dokuminten as rydbewiis en identiteitskaart. Ek soe it mooglik wurde moatte om op de ID-kaart oan te jaan dat je de Fryske nasjonaliteit hawwe.
© ANP
Neffens de Jongfryske Mienskip jout it Ramtferdrach Nasjonale Minderheden fan de Ried fan Europa de Friezen al it rjocht om dat te dwaan, mar is dat yn Nederlân noch noait yn de praktyk útfierd.

Fryske namme foar A7

De Jongfryske Mienskip soe ek graach sjen dat autodyk A7, dy't West-Fryslân fia de Ofslútdyk ferbynt mei Fryslân, Grins en Dútslân in moaie Fryske namme krijt, lykas Fryske autodyk of de Grutte Pierwei.

Juridyske status

De Jongfryske Mienskip kaam op it spoar fan de Fryske ferkearsbuorden troch in beslút fan de gemeente Achtkarspelen, in jiermannich lyn, om buordsjes mei de tekst 'fytspaad' te pleatsen.
It beslút wie al hast oan útfiering ta, doe't amtners der efter kamen dat in buordsje mei de tekst 'fytspaad' gjin inkelde juridyske status hat, wêrtroch't ek net hanthavene wurde kin.
Mei it oanfalsplan sichtberens pleitet de organisaasjes foar it oanpassen fan dy regels en wetten dy't it brûken fan it Frysk no noch yn it paad steane.
Bestjoersleden Elly Schoonbeek en Wolter Jetten fan de JFM
Onno Falkena oer de foarstellen fan de Jongfryske Mienskip