Famylje Oekraynske reedrydster opfongen yn Aldeholtpea

De lytsskalige opfang fan flechtlingen út Oekraïne yn Fryske doarpen komt op gong. Yn Aldeholtpea is in húshâlding mei trije bern opfongen yn in ferboud pjutteboartersplak.
Oekraynske bern yn Aldeholtpea © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It kontakt mei dizze minsken is ta stân kaam troch it reedriden. Der kaam in tip dat de Oekraynske reedrydster Olena Mjagkych help socht. In hotel yn Wolvegea hat jierrenlang har en oare reedriders fergees ûnderdak oanbean by wize fan sponsoring. Sadwaande koene se har.
Olena is yn ferwachting en de poppe komt hast, dêrom is se achterbleaun yn Frankfurt. Har broer sit no mei syn húshâlding yn Aldeholtpea. De reedrydster sels komt foarearst net fanwegen har medyske situaasje.
Oekraynske flechtlingen yn Aldeholtpea
De doarpsbewenners hawwe it leechsteande pjutteboartersplak geskikt makke foar yn totaal tsien minsken. Mei help fan tsjerke en de gemeente sille needsaaklike foarsjennings regele wurde. By de gemeente Weststellingwerf is ien oansteld dy't de saken regelet foar de flechtlingen, ek wat fersekeringen en medyske fersoarging oanbelanget.
De húshâlding praat allinnich Oekraynsk. De bern lykje ferromme, mar eltsenien moat earst bykomme nei in flecht fan dagen út de oarlochsellinde. De bern fûnen de knuffelbisten dy't nei it âlde pjutteboartersplak brocht binne in moaie ôflieding.
Eefkes fierderop yn it Aldeberkeap hawwe bewenners, tsjerke en gemeente ek in opfangplak klearmakke foar flechtlingen.