Fermiste frou Boelensloane ûnderkuolle oantroffen

De fermiste frou yn Boelensloane is wer fûn. Se lei njonken de dyk ûnder in toarnbeibeamke. De frou wie ûnderkuolle. Se is nei it sikehûs brocht.
Syktocht nei fermiste frou © Noordernieuws
De 85-jierrige frou wie sûnt woansdeitemiddei 13:00 oere spoarleas. Der waard manmachtich nei har socht.
It begûn mei in melding op Burgernet. Dêrnei kamen tsientallen plysjeminsken en de frijwilligers fan de Stichting Veteranen Searchteam yn aksje. Fierders waarden in droneteam en in plysjehelikopter ynset. Woansdeitejûn let waard se fûn troch leden fan it sykteam fan feteranen.