It sykseizoen set útein: earste ljipaai fan Nederlân fûn yn Oerisel

De maitiid stiet foar de doar en de ljipaaisikers kinne út wintersliep komme. Us provinsje grypt wol mis, want it earste ljipaai fan Nederlân is woansdei fûn yn Oerisel.
It earste aai fan it lân waard oantroffen troch Tonny Rupert, in 81-jierrige ynwenner fan Hengevelde (yn de omkriten fan Haaksbergen en Enschede). Yn it nêst leinen twa aaien. "De eieren zijn kakelvers, het voorjaar is begonnen", sa skriuwt in meiwurker fan SBNL Natuurfonds op sosjale media.
De finer hat in oarkonde krigen as bewiis fan de fynst. Ferline jier waard it earste aai op 5 maart yn Utrecht fûn, it jier dêrfoar op 2 maart yn Gelderlân.