Utriden rûge dong set útein: it hâldt ‘de grutte fjouwer’ yn de Wynzerpolder

Eins stie it foar begjin febrewaris op de aginda: it útriden fan rûge dong op boerelân. Troch it wiete waar koe it oant no ta net, mar yntusken is it waar ideaal.
Yn 'e Wynzerpolder by Oentsjerk wiene se der woansdeitemoarn betiid by:
De rûge dong soarget foar bettere omstannichheden foar greidefûgels, leit Henk Oud fan Noardlike Fryske Wâlden út. "It stimulearret it boaiemlibben. Dêr komme wjirms op ôf en dat is úteinlik wer it iten foar de greidefûgel."

Grutte fjouwer

Yn de Wynzerpolder wurdt no seis jier op dizze wize wurke. Dat docht fertuten, sjocht Oud: "Hjir sieten earst hast gjin fûgels, no ha we hjir hast twa of trije spantsjes de bunder. En dan moatst benammen tinke oan de grutte fjouwer: ljip, skries, strânljip en tsjirk."
Takom wike wurdt it wetterpeil yn de polder noch ferhege om de meast ideale briedomstannichheden foar de greidefûgel te kreëarjen.