Nij 'geheim' greidefûgelgebiet by Ljouwert klearmakke

It moat in nije pearel foar de greidefûgel wurde yn de gemeente Ljouwert: in stik lân tusken de wyk Suderbuorren en de Wâldwei.
De Waard by Ljouwert klearmakke foar de komst fan greidefûgels:
Minsken fan de bûtentsjinst fan de gemeente Ljouwert wurkje mei de Fûgelwacht Ljouwert om it relatyf nije gebiet klear te krijen foar in hooplik tanimmend tal greidefûgels.
It wie in stik ûnlân mei benammen briedende skiere guozzen, mar Jan Wester wit noch hoe't it ea fol siet mei greidefûgels. Twa jier lyn seach de meiwurker fan de Ljouwerter bûtentsjinst in kâns om it gebiet op te knappen mei help fan ferskate ynstânsjes en frijwilligers fan de Fûgelwacht Ljouwert en omkriten.

Alde greide

No is greidefûgelgebiet De Waard in feit, mar fljocht it wol wat ûnder de radar. Mei omdat it op in eilân leit. Wester: "De Waard is in stikje greide fan 22 bunder tusken it kanaal en Zuiderburen. It is in stikje lân dat yn prinsipe net beboud wurdt en dêr't noch de âlde greide sit."
Jan Wester, Eduard van der Hoek en en Lieuwe Tilma © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Begjin dizze wike is der spesjale kompost ferspraat oer de greiden en in part dêrfan is spesjaal ynrjochte foar ljippen mei wat rûgere greide. Alle soarten fûgels binne wolkom, in soad ha har ferline maitiid ek al sjen litten.
De Fûgelwacht hat in plas-draspomp levere om ek de hegere parten wiet te hâlden. It wetter yn de legere parten fan it lân wurdt mei skowen kontrolearre.
It heart der net hielendal by, mar it is wol moai.
Jan Wester fan de bûtentsjinst
Gemeenten binne oer it algemien gjin behearders fan fûgeltsjelân en it is ek net de bedoeling dat op de lange termyn Ljouwert it behear dwaan bliuwt. "It heart der net hielendal by, mar it is wol moai", seit Wester.
Eduard van der Hoek (fûgelwacht) en Jan Wester (gemeente) sjogge hoe't in lân klearmakke wurdt foar de fûgels © Omrop Fryslân, Remco de Vries
No rinne der noch hynders, mar eins moat derop buorke wurde lykas yn de jierren '50, '60 of '70. Dêr is it lân ek op ynrjochte. Trettjin bunder is no sa behannele. Foar de langere termyn hopet de Fûgelwacht wat te regeljen.

Agrarysk Natuerfûns

Eduard van der Hoek is dêr de neisoarchkoördinator: "Der binne al langer petearen geande mei it Agrarysk Natuerfûns. Oer dy wei sille we sjen dat it op de langere termyn yn behear komt. Dy beheare ek de skriezehoeke fan Murk Nijdam."