Nije bewenners yn Burgum fine twa hângranaten ûnder hûs

Nije bewenners oan de Burgemeester Panhuyslaan yn Burgum hienen de skrik fan harren libben doe't se twa hângranaten fûnen ûnder har nije hûs.
De twa hângranaten © SRFotografie
Se fûnen de hângranaten ûnder yn de fundearring, doe't se dêr oan it wurk wienen. De bewenners ha fuort de plysje ynskeakele. Dy hat foar de wissichheid de Explosieven Opruimingsdienst fan definsje (EOD) alarmearre.
Meiwurkers fan de EOD yn Burgum © SRFotografie
Meiwurkers fan de EOD koenen nei in skoftke fêststelle dat de twa hângranaten leech wienen en net op skerp stienen. De twa hângranaten binne dêrnei ôffierd.
In wurdfierder fan de plysje lit witte dat de situaasje nea gefaarlik west hat. Hoelang't de granaten der lein ha, is net te sizzen. Yn alle gefallen al 'in skoftke'.