Operaasje Fryske Flagge: reiswille brocht Rianna Hijlkema nei Meksiko

Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Dizze wike is dat Rianna Hijlkema út Meksiko wei.
Rianna Hijlkema © Omrop Fryslan
Op it stuit wennet Rianna, 35, yn Meksiko. De dei is der krekt begûn. Se hat al betiid in kuierke op it strân makke. No genietet se noch fan de blauwe himel, mar aansten komt it reinseizoen der oan en dan ferhuzet Rianna mei har freon nei Buenos Aires yn Argentinië.
"Myn hiele aventoer begûn yn 2011, yn Parys", fertelt Rianna. Se kaam der yn oanrekking mei Nederlânsktalich ûnderwiis yn it bûtenlân en gie dêrfoar nei ferskate lannen om op ynternasjonale skoallen les te jaan. Sa gie se bygelyks nei Sina, Spanje en Kosta Rika.

Kontakt mei lokale minsken

Yn Yndonezië kaam se har man tsjin. Mei him woe se earst yn Nepal delstrike. It hûs waard al boud, mar troch de coronapandemy giene dêr de grinzen ticht. Iten en oar guod kaam hast net mear binnen en se besletten om dochs wer earne oars te wenjen.
Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse.
Rianna en har man reizgen fierder troch de wrâld en kamen telâne yn Meksiko, dêr't se einleas genietsje kinne fan it waar en de hearlike strannen. It lesjaan foar de ynternasjonale skoalle docht Rianna op it stuit online.
"Der binne gewoan safolle moaie plakken yn de wrâld om te ûntdekken en te sjen", seit Rianna. "Ik fyn it yn alle lannen moai om mei de lokale minsken yn kontakt te wêzen."

'Ik fûn it sa nijsgjirrich'

It wie eins nea har plan west om salang út Fryslân fuort te bliuwen: Rianna soe it earst mar by 3 moanne hâlde. It plan wie om dêrnei wer oan it wurk te gean yn it Nederlânske ûnderwiis. "Mar ik hie it sa nei myn sin, der gie sa'n wrâld foar my iepen yn Parys. De nije minsken, taal en kultuer: ik fûn it hiel nijsgjirrich", seit Rianna. "Uteinlik ha ik der in jier sitten."
Har mem stjoerde har sa út en troch in fakatuere troch foar in baan yn Nederlân, mar Rianna hie oare plannen en begûn les te jaan op de ynternasjonale skoalle. "Sadwaande kaam ik yn Sina, al gau nei myn tiid yn Parys. It reizgjen is net mear opholden."
Ik ha aventoer en ôfwikseling nedich.
Rianna Hijlkema út Meksiko wei
Dat wie wol efkes wennen foar har heit en mem. "It wie earst wol dreech foar se, mar se witte dat dit is wat my lokkich makket. Ik ha aventoer en ôfwikseling nedich", seit Rianna. "Ik bin hiel lokkich mei al dy aventoeren."
Dochs komt se alle jierren wer werom nei Fryslân. "Ik praat hast gjin Nederlânsk mear. Elkenien wennet yn Fryslân. En ik bin in hiel grutske Fries", seit de wrâldreizger. Dat witte de minsken dy't se op har aventoeren tsjinkomt ek: "Ik tink dat in hiel soad minsken yn de wrâld no witte dat Nederlân mear as ien taal hat."
Rianna Hijlkema út Meksiko wei