Fredesdemonstraasje yn Ljouwert: hert yn de kleuren fan Oekraïne
Der binne plannen foar in grutte fredesdemonstraasje yn Ljouwert takom wykein. Keunstner Marten Winters hopet mei safolle mooglik minsken op it Saailân de flagge fan Oekraïne te meitsjen yn de foarm fan in hert.

"We moatte in sinjaal jaan, ek út Fryslân", seit Winters. "De machteleasheid frustrearret en njonken prachtige aksjes as jild jaan en minsken opfange, ha we ek wat oars dat we tsjin dy ferskriklike oarloch biede kinne: leafde."
Winters wie earder belutsen by de kulturele kettingreaksje 8ste dag, it papier-masjee skip De Lading en Fryslân fan Boppen.
Blauwe of giele klean
"Elkenien kin meidwaan", fertelt de Ljouwerter keunstner. "It iennige watst nedich hast, is in blauwe of giele jas, trui of t-shirt. It hert dat we foarmje, krijt nammentlik de kleuren fan de Oekraynske flagge."
De wrâld oer
De fredesdemonstraasje begjint om 14.00 op it Saailân en duorret sa'n healoere. Der wurde foto's fan makke dy't de organisaasje de wrâld oergean litte wol.
Nei it programma op it Saailân is der in feiling yn Neushoorn, organisearre troch Oksana Fedorak. Sy besiket jild yn te sammeljen foar de stichting Oekraïners in Nederland. Dêrnjonken binne der sprekkers dy't wat fertelle oer de situaasje yn Oekraïne en is der livemuzyk.