Súdwest-Fryslân: Hoe wolle de partijen it wenningprobleem oplosse?

Op dit stuit is yn Nederlân in slim wenningtekoart: hûzen binne net betelber genôch. Hokker rol moatte oerheden spylje om wenningen wer betelber te meitsjen? Hoe wolle de partijen yn Súdwest-Fryslân dat dwaan?
© Omrop Fryslân
De hypoteekrinte-ôftre, lege rintes en de groeiende fermogenskleau: dat binne nasjonale, Europeeske en sels wrâldwide ûntwikkelingen dy't bydrage oan de wenningkrisis dy't op it stuit sa hurd field wurdt. It betsjut lykwols net dat gemeenten gjin rol spylje kinne.
Yn gemeente Súdwest-Fryslân lykje in soad partijen, ast de programma's besjochst, allegearre itselde te wollen: der moatte mear betelbere wenten komme en dat moat ek gau barre. Hoefier't se hjirfoar gean wolle om dit te ferwêzentlikjen, ferskilt lykwols bot.

It wenningtekoart oplosse, mar hoe?

VVD seit bygelyks dat it ynsette wol op de rol en ynfloed dy't de gemeente hat op it mêd fan wenjen. Hoe't se dat dwaan sille, is lykwols net dúdlik. De partij seit benammen minder regels te wollen om minsken safolle mooglik frij te litten foar it bouwen en oanpassen fan in wenning.
De partij is bygelyks wol tsjin it beheinen fan de bou fan fakânsjewenten. De partij is der ek tsjin dat de gemeente sels wenten bout foar minsken mei lege ynkommens, wylst de measte partijen (ChristenUnie, D66, GemeenteBelangen, GrienLinks, FNP, PvdA en Volkspartij in Nederlands Belang) hjir wol foar binne.

Mear 'rezjy'

Partijen as PvdA en FNP fine dat de gemeente mear 'rezjy' of 'stjoering' krije moat oer it wenningprobleem yn de gemeente. Sa sprekt de PvdA him út foar in selswenplicht. Dat betsjut dat minsken dy't in hûs keapje, der sels ek wenje moatte. FNP fynt dat der mear romte komme moat foar alternative wenfoarmen, lykas tiny houses. CDA, D66, GemeenteBelangen, NieuwSociaal en PvdA ûnderstreekje hjirfan ek it belang.
D66 wol ek dat gemeenten fasilitearje yn in startersliening. Hjirtroch kinne starters makliker de wenningmerk op gean. Sa wurde troch ferskate partijen ferskate oplossings oandroegen foar it wenningtekoart.
Opmerklik is wol dat benammen de partijen dy't mear rjochts oriïntearre binne, konstatearje dat der in wenningprobleem is, mar dat se net mei yngripende oplossingen komme. De sosjale partijen wolle dat de gemeente mear romte kriget om op aktive wize mei it wenningprobleem om te gean.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet der yn de gemeente en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Sûnt it bestean fan gemeente Súdwest-Fryslân (2011) hat ien partij altyd de grutste west: it CDA. De partij stiet wol ûnder druk, sawol lokaal as lanlik.

NieuwSociaal

Lanlik hat de partij hiel wat te lijen hân, ûnder oare trochdat Pieter Omtzigt út de partij stapt wie. Mei syn krityk op de polityk-bestjoerlike kultuer hat er in soad losmakke yn Nederlân. Dat wie ek it gefal yn de gemeente Súdwest-Fryslân, dêr't ôfrûne oktober riedslid Pieter Greidanus, ûntefreden oer de koers fan it CDA, út de partij stapte.
Sa bekritisearre hy it CDA om it feit dat se tefolle sjogge nei de lanlike tendins, mar dat se ferjitte wat der lokaal en regionaal spilet. Dêrom rjochte hy in nije partij op: NieuwSociaal. Nei Greidanus stapten ek CDA-riedsleden Johan Steenbeek en Pieter de Vries út de partij. Se sleaten harren, ynspirearre troch it gedachtegoed fan Omtzigt, oan by NieuwSociaal. Dêrmei ferlear it CDA 3 sitten yn de ried.
© Omrop Fryslân
De namme 'Nieuw Sociaal' is basearre op it boek fan Pieter Omtzigt Een Nieuw sociaal contract. Lykas Omtzigt wol de partij it kontakt tusken de boarger en de oerheid wer werstelle.
Neffens nûmer twa fan de partij, Johan Steenbeek, moatte minsken harren wer heard fiele. Dêr wol de partij ûnder oare foar soargje troch mei in ombudsman te kommen, dy't in oansprekpunt foar bewenners wurdt.
It sil foar it CDA no dus spannend wurde hoe't al dy ûntwikkelingen útpakke sille by de ferkiezingen. Op it stuit docht de partij it yn de lanlike peilingen noch minder as de 14 sitten dy't it no hat. Dochs kin it CDA, yn de foar har minne ôfrûne tsien jier, noch hieltyd rekkenje op in grutte lokale efterban. Miskien dat de Omtzigt-beweging hjir lokaal ek feroaring yn bringe sil.

Finânsjes, gjin punt

In drege kwestje foar de gemeente Súdwest-Fryslân is dat de gemeente ôfrûne desimber ûnder finansjeel tafersjoch pleatst is fan de provinsje. De provinsje hat dan wer noed oer it efterstallich ûnderhâld fan ynfrastruktuer yn de gemeente. It soe bygelyks gean om diken, brêgen en kademuorren. De gemeente soe foar hast 37 miljoen oan efterstallich ûnderhâld hawwe.
It is lykwols dúdlik dat de gemeentefinânsjes net populêr binne by de ferkiezingen. De measte partijen hawwe yn harren programma's dêroer hast neat skreaun (ChristenUnie, GemeenteBelangen, GrienLinks, FNP, FvD, NieuwSociaal, PvdA), wylst it krekt sa'n wichtich ûnderwerp is.
Allinnich CDA, D66 en VVD sizze wat oer gemeentefinânsjes. Sa wol CDA 'gedegen financieel beleid met voldoende reserves'. D66 wol mear jild fan it Ryk en de VVD wol dat de begrutting en it jierferslach 'helder leesbaar' binne. Sa liket it derop dat de partijen yn Súdwest-Fryslân net folle omtinken hawwe foar de finansjele koers fan de gemeente.
Benijd mei hokker partij oft jo stânpunten oerienkomme? Klik hjir foar de stimwizer.