Harm Visser belibbet jier fan de trochbraak yn de maraton: "Topseizoen"

Ien kear winner, tsien kear in poadiumplak en ek nochris de oerwinning yn it jongereinklassemint. Harm Visser fan De Westereen belibbe it jier fan syn trochbraak yn it maratonriden.
It is in geweldich debútseizoen yn de maraton:
De maratonreedriders hawwe der wer in folslein seizoen op sitten. Ferline jier slagge dat net, om't it regear it maratonriden net seach as topsport. Mar dat wie dit seizoen oars. Sneon kaam der in ein oan it seizoen mei de Alternative Alvestêdetocht yn it Sweedske Luleå.
It hat echt in topseizoen west.
Harm Visser
Dêrmei kaam der ek in ein oan it debútseizoen fan Harm Visser by de manlju. Hoe sjocht hy dêrop werom? "In hiel suksesfol en moai seizoen. Ik helle in soad poadiumplakken mei as hichtepunt myn earste oerwinning yn Tilburg. It hat echt in topseizoen west."
Visser is in echte sprinter en wûn de sechde wedstriid fan de Marathon Cup. Dêrnjonken einige er as twadde yn it einklassemint én wûn er it jongereinklassemint.

Natueriiswedstriden

It maratonpeloton ried de lêste twa wiken fiif wedstriden op natueriis yn Sweden. Dat wie in nije ûnderfining foar de 21-jierrige Westereender. "It wie de earste kear en it wie de earste wedstriid wol hiel spannend, want ik wist net hoe't it gean soe. It earste rûntsje tocht ik al: dit leit my wol. Ik fûn it superleuk."
Uteinlik ried Visser yn Luleå alle wedstriden út. It makket dat er yn njoggen dagen 570 kilometer op natueriis riden hat. Dat wie gjin fanselssprekkendheid, om't er by de foarlêste wedstriid blessearre rekke. Hy ried de wedstriid lykwols wol út.
Harm Visser nei ien fan syn tsien poadiumplakken © Orange Pictures
Ek de lêste race, de Alternative Alvestêdetocht fan twahûndert kilometer, stie Visser gewoan oan de start. Wylst de prognoazen yn 't foar net sa goed wiene. "De fysio joech my 20 persint kâns dat ik úteinsette soe", seit Visser.

Ferskillen

Ferskillen tusken de wedstriden op keunstiis yn Nederlân en de wedstriden op natueriis yn Sweden binne der ek, konstatearret Visser. "Ik moast hiel bot wenne oan skuorren ûntwike en yn it peloton ride. It is hiel oars as op keunstiis, bist kontinu op it iis oan it letten. De earste wedstriid hie ik der pineholle fan."
De namme fan Visser is fêstige yn it peloton. Ek folgjend jier bliuwt er aktyf by de maratonploech fan Jumbo-Visma, want dat maratonriden befalt him poerbêst. "Ik haw gjin sekonde spyt fan de oerstap fan de langebaan nei de maraton."