Lutz Jacobi wint Els Veder-Smit priis: foarbyld foar Fryske froulju yn polityk

Lutz Jacobi hat tiisdei de earste Els Veder-Smit priis wûn, dy't tenei om de trije jier útrikt wurdt oan in persoan dy't in wichtige bydrage levere hat oan de posysje fan de frou yn de Fryske polityk.
Lutz Jacobi mei de earste Els Veder-Smit priis © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De winner fan de priis waard op ynternasjonale frouljusdei bekend makke troch deputearre Douwe Hoogland op in gearkomste yn Ljouwert.
De twa oare nominaasjes foar de priis wiene Julie Bruijnincx (bekend as fraksjefoarsitter fan D66 yn Ljouwert) en Houkje Rijpstra (earder PvdA-wethâlder yn Tytsjerksteradiel, no direkteur fan Omrop Fryslân).
It makket je der wol bewust fan dat je blykber in foarbyld foar oaren binne. It jout krêft om der mei troch te gean.
Lutz Jacobi
"Ik moat der noch efkes oan wenne", jout Lutz Jacobi nei ôfrin earlik ta. "Je dogge gewoan altyd je ding, je geane foar de saak. Ik bin net dwaande mei dat der oait in kear in Els Veder-Smit priis komt. Mar it is wol in grutte eare."
Jacobi is der grutsk op, seit sy. "It makket je der wol bewust fan dat je blykber in foarbyld foar oaren binne. It jout krêft om der mei troch te gean en oaren yn sa'n posysje te bringen."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust spruts mei Lutz Jacobi
Els Veder-Smit (1921-2020) wie yn 1967 de earste froulike Fries dy't yn in kabinet kaam. Sy hie in lange karriêre: sy hat riedslid yn Ljouwert, Steatelid, Earste- en Twadde Keamerlid, steatssekretaris en lid fan de Ried fan Steat west. Veder-Smit hat har as bestjoerder hurd makke foar it oprjochtsjen fan it MCL sikehûs yn Ljouwert.
Els Veder-Smit yn 2003 © ANP
De Provinsjale Steaten fan Fryslân earje har mei de priis en hoopje dat oaren har folgje. It inisjatyf komt by Esther de Vrij fan de VVD wei. De organisaasje lei yn hannen fan Stichting Tûmba.

Rolmodel

In sjuery fan trije hat in seleksje makke en bepaalde wa't de winner waard. Neffens foarsitter Ellen van Selm stiene de begripen 'rolmodel', 'ympakt' en 'boechbyld' dêrby foarop. "Het laat zien dat vrouwen in Fryslân krachtig kunnen zijn en door zichzelf te zijn een voorbeeld voor anderen kunnen zijn."
Jacobi is út 'e skroeven mei de priis © Marieke Balk Fotografie
Lutz Jacobi wurke eartiids by de GGD yn Fryslân en waard dêr ek direkteur. By de Twadde Keamerferkiezingen fan 2006 waard Jacobi keazen as lid fan it parlemint. Sy sette har foar de Partij van de Arbeid yn en wie wurdfierder oer ûnder oare natuer, plattelân en de Waadsee. Yn 2012 stelde sy har kandidaat foar de funksje fan fraksjefoarsitter.
Yn 2017 makke sy bekend de lanlike polityk te ferlitten. Sy waard PvdA-listlûker yn Ljouwert en flak dêrnei ek direkteur fan de Waadferiening. Yn 2020 hold sy op as fraksjefoarsitter.