Abe Lenstra 'komt werom' yn Museum Belvédère thús op It Hearrenfean

Direkteur Han Steenbruggen fan Museum Belvédère glimket wannear't hy neist it skilderij fan Abe Lenstra stiet. "Us Abe is weer thuis, zou je kunnen zeggen." It wurk, fan keunstner Jeanne Bieruma Oosting, is fan tiisdei ôf te besjen.
Abe Lenstra is wer thús:
It is in grut skilderij fan hast in meter by in meter. Abe is te sjen wylst syn folsleine fokus, hoe kin it ek oars, leit by de bal. Wat opfalt, is dat Abe gjin pompeblêden op it shirt om syn liif hat.
"Hij heeft het shirt aan van sportclub Enschede, want het is in 1956 geschilderd. Toen speelde hij voor die club", fertelt assistint-konservator Susan van den Berg.
It keunstwurk komt út de priveekolleksje fan âld-foarsitter Jan Smit fan fuotbalklup Heracles Almelo. It ferdwûn nei't hy it yn 2009 útliende. It skilderij dûkte wer op nei't der in soad media-oandacht foar wie, nei oanlieding fan it ferskinen fan in biografy oer de yn 1994 ferstoarne Oosting skreaun troch Jolande Withuis.
Presintator Johan Derksen hat bygelyks ferskate kearen oproppen dien foar it keunstwurk yn syn telefyzjeprogramma Veronica Inside.
Susan van den Berg
It is yn alle opsichten in bysûnder skilderij fan Abe, seit ek direkteur Han Steenbruggen: "Het is vooral sporthistorisch gezien van belang. Abe was in zijn hoogtijdagen een icoon van de categorie Johan Cruijff. Iedereen kwam naar Enschede om hem te zien voetballen."
"Kunsthistorisch gezien is het schilderij misschien van wat mindere betekenis. Maar het is wel een interessant uitstapje van een kunstenares in de jaren vijftig naar dit onderwerp in een wat naïef-expressionistische stijl."
Jeanne Bieruma Oosting waard berne yn Ljouwert en oant har njoggende wenne se dêr oan de Wirdumerdijk. Dêrnei wenne se yn oare parten fan Nederlân. Ek hat se jierren yn Parys trochbrocht. Se neamde harsels in 'Friescaise'. "Daarmee geeft ze eigenlijk aan: ik ben zowel Fries als Francaise", fertelt Van den Berg.
De eksposysje mei de wurken fan Oosting iepenet op 9 april yn Museum Belvédère.
Steenbruggen hat ek al neitocht oer in moai plak foar it skilderij wannear't de útstalling oer Jeanne Bieruma Oosting dien is. "We hopen dat het een mooi plekje krijgt in het Abe Lenstrastadion, waar het tot op zekere hoogte hoort. Tot op zekere hoogte, omdat Us Abe hier natuurlijk het shirt van sportclub Enschede aan heeft en niet dat van vv Heerenveen."